Weppers woansdei 13-6

Weppers tiisdei 12-6
11 juni 2012
Weppers tongersdei 14-6
13 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 10 wedstriden opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân(gean nei “vv SDS” en druk op “stand”). “Ozzy” stiet noch altiten oan kop, mar de reade lantearn is oernaam troch “Frysk damjen is oars” fan Jelle Wiersma.

Nije Treffer
Foar de simmer hoopje wy noch ien Treffer út te bringen. Yn dizze Treffer wole wy graach fan alle SDS-teams in ferslachje hawwe oer it ôfrûne seizoen. It hoecht net sa lang. Wy wolle de stikjes graach binnen hawwe foar kommend wykein. Mail de stikjes nei DeTreffer@vv-sds.nl.
Leiders en âlders: klim yn de pinne!!


SDS’ers en fuotballeafhebbers,

Jûn is de kantine wer iepen foar de fuotbalwedstriid Nederlân – Dutslân.

Om 20.00 oere is de arena start klear.

We dogge wer in bline toto mei in moaie priis, in grute SDS fuotbaltas.

Tineke Kamstra hat de earste tas wûn by de wedstriid tsjin de Denen.

Kom allegear!!!

Bestjoer SDS

Efkes Balje
Freedtejûn wurdt der wol wer efkes balle yn Wommels. Dus wa’t it tempo op it EK net oan kin, is freed fan herte wolkom om 19.30 oere.

Moaie dei
It kin hjoed in moaie dei wurde, at Nederlân fan Dútslân wint. It is al in moaie dei foar Marije Hiemstra, Johan Delfsma, Ids de Boer en Gerlof Veldstra. Sij wurde 21, 33,
23 en 28 jier. Fan herte lokwinske.

Slachtedravers.
Sneon de slachtemarathon en wij sjogge hiel wat Eastereinders en Wommelser op de draverslist stean. Jim kinne se sneon herkenne oan de startnûmers dy oanjûn steane. De start is moarns betiid om 6.30 oere.

Startnr namme Eftenamme wenplak kategorie
26 Tsjeard Hofstra Wommels Msen
37 Jan Rispens Wommels Msen
39 Rinse Joustra Wommels Msen
41 Gertjan Hessels Wommels Msen
50 Martijn Rispens Wommels Msen
53 Alexander Dijkstra Wommels Msen
97 Syb Overal Easterein Msen
99 Ids de Boer Easterein Msen
129 Kees Adema Wommels Msen
147 Tsjipke Okkema Wommels Msen
161 Jildert Hijlkema Easterein Msen
202 Peter Wijnia Wommels M35
272 Wietse Ligthart Wommels M40
273 Remco de Vries Wommels M40
298 Paul van Vliet Wommels M40
789 Meinte Wesselius Wommels M50
814 Klaas Abma Wommels M50
901 Harrie Strubbe Wommels M50
907 Tjeerd Fopma Wommels M50
968 Rienk Wiersma Wommels M50
1003 Wouter Hijlkema Easterein M50
1097 Henk vd Meer Easterein M55
1185 Louke Berretty Wommels M55
1305 Berber Akkerman Wommels Vsen
1308 Hedwig Brandsma Wommels Vsen
1312 Femke Hulzinga Wommels Vsen
1361 Marieke de Boer Wommels V35
1487 Tineke Bajema Wommels V45
1557 Anke van Dijk Wommels V50


Spyldagenkalinder 2012-2013
De spyldagenkalinder fan amateurfuotbal Noors is ek klear. Sjoch der mar ris goed nei(klik
hjir).

Spylskema Eredivisie
Ek it spylskema fan de Eredivisie is klear(klik hjir).

Harsens derby(786)
Hooplik is dit hjoed net de ienige manier om ús Dútske freonen te stopjen: