Weppers tiisdei 12-6

Weppers moandei 11-6
11 juni 2012
Weppers woansdei 13-6
12 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 8 wedstriden opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân(gean nei “vv SDS” en druk op “stand”). Mei no 53 dielnimmers pakt “Ozzy” de kopposysje en “Doede K.” de reade lantearn. “Twadde is ek goed” stiet no twadde fan ûnderen.

Juster jierdei
Rutger Nijdam is juster 8 jier wurden. Fan herte lokwinske.

Hjoed jierdei
Hjoed in trijetal dat jierdei is men eielkoar 62 jier wurde. Dêrfan nimt Hendrik de Jong hast de helte foar syn rekken: 30. Jesse de Vries is beskieden en pakt der 6 jier fan en wat der oer bliuwt is foar doelman Jaap Toering. Allegear fan herte lokwinske!

Slachtemarathon
Sneon geane der wer hiel wat rinners en dravers op in paad. Ut Wommels en Easterein binne der wierskynlik hûnderten rinners, mar de dravers hawwe wij wol yn byld. Moarn in oersicht fan de Wommelser en Eastereinder dravers.

Klear foar
Lit de Dútsers moarn mar komme! Ús mem is der klear foar!


Harsens derby (785)
Trapatoni wurdt âlder en milder. Yn it ferline liet hie net sa maklik oer him hinne rinne: