Weppers tongersdei 14-6

Weppers woansdei 13-6
12 juni 2012
Weppers freed 15-6
14 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League hat der 12 wedstriden opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân(gean nei “vv SDS” en druk op “stand”). Anne Stenekes hâldt wurd want hij stiet op 1. Wol tydlik fansels want de konkurrinsje leit op de loer. De toppers hâlde elkoar aardich yn de gaten en ûnderoan wikselje se ek om de dei. Jelle stiet no wer wat damhoutsjes efter mar wij tinke dat hij Gerrie Snel toch seker noch wol foarbij komme kin: ut foetbalferstaan blykt noch nie echt bij Gerrie.

Jierdei
Op 14 juny wurdt Rients de Boer 13 jier. Timen Bergmans wurdt 8 jier. Beide fan herte lokwinske.

Kommersje
Nederlân is noch net iens hielendal útskeakele en de kommersje heaket der lyk wer op yn(klik hjir).

Nije Treffer
Foar de simmer hoopje wy noch ien Treffer út te bringen. Yn dizze Treffer wole wy graach fan alle SDS-teams in ferslachje hawwe oer it ôfrûne seizoen. It hoecht net sa lang. Wy wolle de stikjes graach binnen hawwe foar kommend wykein. Mail de stikjes nei DeTreffer@vv-sds.nl.
Leiders en âlders: klim yn de pinne!!


Harsens derby(787)
As de Dútsers no ek al mear humor hawwe as ús dan hawwe wy gewoan terjochte ferlern: