Weppers woansdei 12-9

Weppers tiisdei 11-9
10 september 2012
Weppers tongersdei 13-9
12 september 2012

Oebele de Boer

Wij krigen it tryste berjocht dat tige hastich Oebele de Boer is ferstoarn. Alle sneonen wie hij oanwêzich op syn bank bij de yngong.
Ek ôfrûne sneontemiddei wie hij der noch.
Oebele de Boer hat in soad foar SDS betsjutten en SDS betsjutte ek in soad foar Oebele de Boer.
De Boer is 84 jier wurden en de kremaasjeplechtichheid is freed 14 septimber om 16.00 oere.

Kondoleânse register
Jim kinne
hjir it online kondoleânse register fan Oebele de Boer tekenje.

Doch ek mei oan de nije SDS League!
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Je team moat ynlevere wurde foar kommende sneon 15 septimber 18.30. Dat moat slagje tochten wy sa!
Hjir kinne je je team gearstalle en hjir kinne jim alle ynformaasje fine.
De SDS League earder ynleverje as Johan, Dooitze, Jan, Jelmer, Aant of Ate kin net mear, want dy hawwe dat al dien.

Frouljusjûn
Jûn kinne jim foaral sjen nei forulju dy’t fuotbalje. Om 19.00 komme de Vr1 en MC1 yn aksje. At de Vr1 twa kear trije kertier spylje sille, binne wij benijd at wij de wedstriid it lêste heal oer noch folge kinne sûnder nachtbril. Sjen dus…of neat sjen dus.

Pupillen fan de wike
It skema fan de pupillen fan de wike oant de winter ta is klear. Jim kinne
hjir sjen wannear welke pupil op sneon oanwêzich is bij de thúswedstriid fan SDS 1.

SDS A1 – Oosterlittens A1
Oosterlittens A1 wie juster better as SDS A1. Dat drukten se út yn doelpunten foar it skoft 3 en nei it skoft 2. Lokkich genôch makke SDS ek noch 2. Einstân 2-5.

SDS E1 – scFraneker E1  0-13
De Eetsjes mochten op it haadfjild, it skoare boerd waard oansetten en it koe mar los. De skoareboerbetsjinner hie it drok….smoardrok. 13 kear mocht hij drukke en hieltyd oan de selde kant. De doelman fan SDS hat der noch moai wat útholden, want oars hie it noch slimmer like.

SDS E2 en E5
SDS E2 en E5 traine tegeare kommende freed fan 18.00-19.00 yn Easterein. Sy wurde dan traind troch Robert Hoekstra. Dit is efkes in tydlike oplossing foar ’t der fêste trainers fûn binne. Wa ’t net kin mei maile nei info@vv-sds.nl.

De pas
De eerste officiële wedstrijden staan alweer voor de deur of zijn al gespeeld in het veld en zaalvoetbal, maar niet alle spelers hebben een spelerspas, omdat ze (ondanks herhaalde verzoeken) nog geen pasfoto hebben ingeleverd.
Geen spelerspas betekent niet spelen!!!!!! 
Speel je toch zonder pas, dan kun je sancties van de KNVB verwachten.


Harsens derby(836)
En dan ek noch efter de bal oandûke! Machtich!