Weppers tiisdei 11-9

Weppers moandei 10-9
10 september 2012
Weppers woansdei 12-9
11 september 2012

Doch ek mei oan de nije SDS League!
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Je team moat ynlevere wurde foar kommende sneon 15 septimber 18.30. Dat moat slagje tochten wy sa!
Hjir kinne je je team gearstalle en hjir kinne jim alle ynformaasje fine.
De SDS League earder ynleverje as Johan, Dooitze, Jan, Jelmer, Aant of Ate kin net mear, want dy hawwe dat al dien.

Trainen F-kes
Moarn starte de trainingen foar alle F-pupillen.
F5 + nieuwe leden 15:00-16:00 uur
F3 + F4 16:00-17:00 uur
F1 + F2 17:00-18:00 uur.

A1

Koartlyn wie de streekderby SDS B1- Oosterlittens B1. De winner wie Oosterlittens B1.
Koartlyn wie de streekderby SDS F1 – Oosterlittens F1. De winner wie SDS.
Jûn is de bekerwedstriid SDS A1 – Oosterlittens A1. Wa sil no de winner wurde? At it tsjuster is dan witte wij it.

A’s yn de boks
De A’s wurde om 18.00 oere (dat is seis oere) yn de boks ferwachte. Dat betsjut dus at de klok yn Wommels begjint te lieden en je steane dan noch bij it brechje dat je te let yn Easterein binne.

SDS 2
SDS 2 krige sneon wol waardich wat doelpunten tsjin. Gelokkich makken se sels ek twa. Dy kamen fan de foet fan Robert en Feite. Wij gean der mar fanút dat se net in kopdoelpunt makke ha.

Gjin sealfuotbaljen
Fan de KNVB krigen wy juster troch dat de sealwedstryd tusken SDS 1 en Irnsum 1 moarntejûn net troch giet. Wat de reden is hawwe sy der net by sein. Miskien is it fjild te wiet, molshopen, sis it mar.

SDS E1
Sij moatte jûn ek balje en wol tsjin sc Franeker E1. Dizze wedstriid begjint om 18.45 oere

Boarstrok

Tusken it kaartsjeferkeapje troch wie der sneontemiddei ek noch efkes tiid om de nije boarstrok foar Popko op priemmen te setten en in earste slach te dwaan.

Afrikaans
Foar sa fier jim it noch net wisten, de wepmasters hawwe harren nocht fan it Frysk. Sij hawwe no keazen foar in oare taal. Tjerk van der Pol úntduts
it geheim.

15 minuten, 15 sekonden of 3 sekonden

Wiebe Heeres makke sneon syn debút yn SDS 1. De tiid dat hij yn it fjild stie wie neffens ús 15 sekonden (ôfrond nei boppen), neffens in tweet fan Wiebe sels wie it 3 sekonden en neffens de LC wie it 15 minuten. Dat lêste wie it yn alle gefallen net.

Harsens derby(835)
Woansdeitejûn dus gjin sealfuotbal yn Easterein. Spitich! Wy hienen wol wer ris nocht yn sa ’n doelpuntsje: