Weppers tongersdei 13-9

Weppers woansdei 12-9
11 september 2012
Weppers freed 14-9
13 september 2012

SDS 5
En dat is nûmer twa. Ferline koe SDS 4 net oantrede, no is it SDS 5 dat frij krigen hat fan de tsjinstanner omdat se te min ha.

Doch ek mei oan de nije SDS League!
Jim kinne jim wer ynskriuwe foar de SDS League. Je team moat ynlevere wurde foar kommende sneon 15 septimber 18.30. Dat moat slagje tochten wy sa!
Hjir kinne je je team gearstalle en hjir kinne jim alle ynformaasje fine.
Nim jûn de SDS League mei nei de kantine dan kinne jim him lyk ynleverje by Willem.

SDS Vr1 – Lac Frisia Vr1  0-4

It wie ierdenacht doe’t skiedsrjochter Vink in ein makke oan de wedstriid. Lac Frisia, dat yn de kompetysje twa klassen heger spilet wûn fertsjinne mar SDS die goed mei. It wie oan Top keepster @Tarina te tankjen dat it bij 0-4 bleau. 

SDS MC1 – Oudega/HJSC MC1     0-2
At alle froulju fan beide teams ûnder de mjitlatte stean moasten en at it dêr oan gie, dan hiene de gasten wûn.
At alle froulju fan beide teams op de skûle stean moasten en at dêr om gie, dan hiene de gasten ek wûn.
It “lichte” en “lytse” team fan SDS makke der in spannend potsje fan. Net folle kânsen wiene der foar SDS mar in fûleindich ferdigeningsblok foarkaam dat de 0-1 útwreide waard nei 0-2. Krekt foar tiid waard it noch 0-2. In moai spannend potsje.

Programma
Jim kinne
hjir en hjir it programma fan sneon.

SDS E2 en E5
SDS E2 en E5 traine tegeare kommende freed fan 18.00-19.00 yn Easterein. Sy wurde dan traind troch Robert Hoekstra. Dit is efkes in tydlike oplossing foar ’t der fêste trainers fûn binne. Wa ’t net kin mei maile nei info@vv-sds.nl.


Stimme

Wij hawwe juster ek stimd. Der stie op lêste in hiele lange rige te wachtsjen. It foldie ús wol yn
it hokje.

Harsens derby(837)
Júst! Sa dienen wy dat doe ’t wy noch lyts wiene: