Beide ôflast
De trainingen fan SDS B1, C1 en C2 gean jûn net troch.
Skiedsrjochter socht
Fan André Vink krigen wij it folgende berjocht:
It is fansels in aardich oanbod om tongersdeitejûn of sneontemiddei de ferhalen fan de Liverpoolgongers oan te hearen. Der binne lykwols ek sommige dingen dy’t wol wat mear minsken heare of lêze meie. Lit ús mar sizze om der wat fan te learen. Dêrom in ferhaal dat de iene webmaster heard hat oer de oare webmaster en syn freonen. En der kin wol bij sein wurde út tige betroubere bron, sa as altiten.
Lit ús se foar it gemak mar efkes de Beatles neame.
De Beatles út Wommels hiene it allegear perfekt regele dit wykein. Mei de auto nei Schiphol, in oere as 6 middeis it fleantúch nei Liverpool en 2 twa oerkes letter yn in pub dêr in bierke keapje.
Mei dat bierke helje gie it mis. Net yn Liverpool mar op Schiphol. Je heare it se al sizzen: “Wij kinne noch wol ien nimme”. De lêste wie fan Lolke Lennon. En dy lêste bruts harren raar op. Want it is krekt efkes oars as mei in bus reizgje. Dy wachtet soms noch wol efkes at je de hân opstekke. It is krekt ek efkes oars as mei de echte Beatles. Dêr wachtet it fleantúch wol op.
Dat waard foar dizze Beatles wachtsje op in folgjende flucht mei romte en in flinke taast yn de beurs. De gasthear yn Liverpool waard om in oere as 1 nachts wol wat ûngerêst, wêr’t dy Frisians Beatles bleaunen. Hij socht dêrom mar efkes kontakt mei it kontaktadres op de reservearring en dat wie it nûmer fan …..Richt, dy’t lekker lei te sliepen.
Ek dy koe gjin kontakt krije mei har Beatle, want frjemdgenôch hiene se de voicemail der mar opsetten, of de batterij wie leech, of hij siet ûnder yn de koffer en stie op triljen.