Weppers woansdei 12-2

Weppers tiisdei 11-2
11 februari 2014
Weppers tongersdei 13-2
12 februari 2014

Derby
SDS 1 mei sneon thús de derby fuotbalje tsjin Mulier 1. De wedstryd begjint om 14.30.

Oflast? Kantine iepen!
Mocht SDS 1 – Mulier 1 no sneon net trochgean dan is der in alderaardichst alternatyf. It liket ús dan wol aardich om mei allegear SDS’ers de 1500 meter reedriden foar mannen op de Olympyske Spelen te sjen yn de kantine. Ek dit begjint om 14.30. Fansels binne de famylje Sprik en Haitsma út Wytmarsum hjirby ek fan herte wolkom!

En dochs hawwe wy leaver dat it fuotbaljen trochgiet…..

SDS 2 út nei Dokkum.
SDS 2 mei sneon om 12.40 yn Dokkum fuotbalje tsjin Be Quick. It is foar 98% wis dat dizze wedstryd trochgiet, want de wedstryd wurdt neffens goed ynljochte bronnen ferspile op keunstgers.
De spilers fan SDS 2 kinne nei de wedstryd noch moai efkes by SDS 1 sjen en oars yn de kantine by it reedriden fansels.

SDS League
Jim kinne hjir alles fine oer de twadde helte fan de SDS League. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 15 febrewaris 19.00. Jim hawwe dus noch 3 dagen.
Doch allegear wer mei en meitsje oaren ek enthousiast!
Sis harren dan ek efkes dat der no ek in priis is foar de kampioen fan it rjochterrygje(sjoch
hjir mar)!
Der lizze ek formulieren yn de kantine!
Miskien hawwe jim sneon noch wol efkes tiid om him yn te fullen yn de kantine, mar te let is te let…..


Follybal
Nei SDS 1 Mulier 1 of it reedriden kin der noch moai efkes yn de sporthal sjoen wurde by de froulju fan COVOS 1. Sy spylje der de topper tsjin Leevoc út Ljouwert.

Sealfuotbal
De sealfuotballers fan SDS 1 meie tongersdeitejun sealfuotbalje yn Ljouwert. Sy dogge dit om tsjin Blauw Wit 34 11. 

Panne
Eltsenien freget him of werom it trainen fan  SDS 1 moandei net trochgie yn Snits. Wy sille it no mar ferklappe…………
Jaap de Blaauw hie panne mei de auto………. yn Dútslan. Kin barre fansels. Hy hie benzine yn de auto smiten wylst der diesel yn moast. Dat kin ek barre fansels. Hielendal as je noch mar 20 jier diesel ride….
Ien gelok. Jaap de Blaauw komt út de buert fan Emmen, dus……………. Nee, hy kin gjin wurd Dúts…

Alderaardichst
Der dogge gjin fuotballers mei oan de Olympyske Winterspelen. Útsein ien dan:


Harsens derby(1211)
Noflik begjinne sa nei it winterskoft: