Weppers woansdei 11-6

Stân SDS EK-League 10-6
10 juni 2008
Stân SDS-EK-League 11-6
11 juni 2008

Midsimmercup
Ôfrûne sneon wienen der ek froulju dy ’t meidienen oan de Midsimmercup. By de froulju wûn Be Quick Dokkum. It ONS fan Akke-Rixt Zysling waard ferrassend hiel knap 3e.

Hjir de froulju fan Heerenveen en CSL yn aksje.

WK
It falt ús swier, mar wy moatte dochs efkes melde dat de Haitsma’s, Posthumussen en Eeltsje juster it partijtsje fuotbaljen wûn hawwe yn Wommels. Sy makken mear goals as de Wijnia’s(Jappie makke syn debút), de Boers en Henkie Cola. De Postma’s skitterden troch ôfwêzichheid.

Helmgêrs
Ate Feike de Boer hie syn foartún(de Terp) juster kreas yn oarder. It gêrs wie meand en better as it helmgêrs op it sportfjild. Al lei der in ferdwaalde hearring(gjin sâlten).

SDS EK-League
Jûn om in oer as 11 ferwachtsje wy hjir de nijste stân.

Midsimmercup(2)
Enne Jehannes Bruinsma hat mei de Midsimmercup ferskeidene foto’s makke. Hjir in lytse ympresje:

SDS yn de 16e finales yn aksje tsjin CSL.


SDS yn aksje tsjin NOK.


Willem Overal skreeuwt SDS nei foaren.
(Mei tank oan Enne-jehannes foar de foto’s)


Besprekking
De nije trainer fan SDS 1, Dicky Schuurman, hat tongersdeitejûn om 20.00 in besprekking mei de A-seleksje yn de Jimbar. Om ’t yn de Jimbar is sil it wol in iepenbiere oangelegenheid wêze. Der komme freed fêst foto’s fan Henk Bootsma op ynternet en in útgebreid stik yn de Op ‘e Skille. Wy binne benijd.

EK-(Boulah)rouz
Nei moandei is it wol dúdlik dat ek Marco van Basten de SDS-webside lêst. Nea like it derop dat hy Khalid Boulahrouz opstelle soe oan ’t hy de weppers fan foarige wike tiisdei tsjinkaam(klik hjir). Sa rekket it Nederlâns alvetal no al yn in EK-(Boulah)rouz!! 

De holle der net by
Fansels fuotballe Nederlân moandei de pannen fan it dak, mar dy Italianen liken ergens oars mei harren holle te sitten(klik
hjir).

Gespannen?
Fokke en Sukke hienen it net mear ôfrûne moandei:
F&S zijn te zenuwachtig om te koken (NRC, ma, 09-06-08)


Miskien letter noch wol mear!