Weppers woansdei 11-6

Weppers Pinkstertiisdei
10 juni 2014
Oranje ek yn de kantine!
11 juni 2014

A1 wer los?
Wij krigen noch in berjocht dat SDS A1 kommende sneon dochs wer los giet. Om 11.00 oere tsjin Read Swart A2 yn de Knipe.

Efkes Balje
Kommende freed is der WK fuotbal. Dat begjin in oere as 9 en om te foarkommen dat de Efkes Ballers net oan harren swit fitaminen takomme, is it Efkes Baljen al om 19.00 oere.

B1 kampioen
Dat B1 kampioen wurden is wisten wij allegear al. De heal súdwest hoeke wit it  no ek want dit stie yn
BN.

WK pool
Tongersdei begjint it WK en dan wurdt dúdlik hoe’t de 34 dielnimmers fan SDS it der ôfbringe. De skoares binne yn de regel in healoerke nei de wedstriid al te sjen op ynternet. Wij hâlde jim op de hichte.

WK
Moarn begjint it WK yn Brazlië, mar it WK yn Wommels is jûn alwer oan de twadde wedstryd ta. Jûn is de ôftraap fan it Wommelser Kampioenskip wer om 19.30.

SDS-Look-a-like
Foar de nije Treffer sykje wy noch ien SDS-Look-a-like.
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei
info@vv-sds.nl!

Treffer
As der ien noch wat hat foar de nije Treffer dan soe it moai wêze as dit foar úterlik tongersdei 18.00 nei
ús maild wurdt.


Harsens derby(1296)
Ho!