Weppers woansdei 11-3

Weppers tiisdei 10-3
9 maart 2015
Weppers tongersdei 12-3
11 maart 2015

Mei de bus!
Kommende sneon moatte sawol SDS 1 as 2 út nei Sint Jut om 14.30 te fuotbaljen tsjin DWP. Dêr kinne sy dus moai yn de bus hinne. Fansels is der ek romte foar supporters, heiten en memmen, pakes en beppes, freonen en wa ek mar. It kostet €10,- per persoan.
Eltsenien kin harren opjaan fia
info@vv-sds.nl!
Der is aardich romte, want wy geane yn in bus fan 58 persoanen.
 
Fol bliuwt fol!

Permalink voor ingesloten afbeelding

Dooitze is der sneon net
Dooitze Nauta is der sneon net te striken. Der is dus wer plak neist de bussjoffeur.
Ria Heitbrink sil him ferfange, mar dy komt mei de auto.

Freed 13 maart sponserjûn mei Erwin Zeinstra
Kommende freed 13 maart is de sponserjûn fan SDS mei wrâldferneamd assistent-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Foar dizze jûn binne alle stipers en alle Freonen fan SDS útnoege en leden fan de OVWE. It wurdt in enerfearjende jûn mei allegear nijsgjirricheden út it betelle fuotbal sjoen fanút in oar perspektyf as dat wy wend binne.
Ek alle skiedsrjochters fan SDS binne wolkom!
Jou je sa gau mooglik op fia
info@vv-sds.nl, want fol is fol.
Erwin sil jûn flagje by de topper Chelsea – Paris Saint Germain.

Op ‘e fyts
Sneon sille de SDS’ers mei de bus nei DWP. Fanút Nijlân wie der sneon ien op ‘e fyts (klik hjir). Net ferjitte dus om sneon de bus oan de lader te setten……

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje.

Harsens derby (1452)

Somtiden hawwe je as keeper je nocht fan al dat geeamel!