Weppers tiisdei 10-3

Weppers moandei 9-3
8 maart 2015
Weppers woansdei 11-3
11 maart 2015

Mei de bus!
Kommende sneon moatte sawol SDS 1 as 2 út nei Sint Jut om 14.30 te fuotbaljen tsjin DWP. Dêr kinne sy dus moai yn de bus hinne. Fansels is der ek romte foar supporters, heiten en memmen, pakes en beppes, freonen en wa ek mar. It kostet €10,- per persoan.
Eltsenien kin harren opjaan fia
info@vv-sds.nl!
Fol is fol!
Permalink voor ingesloten afbeelding

Freed 13 maart sponserjûn mei Erwin Zeinstra
Kommende freed 13 maart is de sponserjûn fan SDS mei wrâldferneamd assistent-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Foar dizze jûn binne alle stipers en alle Freonen fan SDS útnoege en leden fan de OVWE. It wurdt in enerfearjende jûn mei allegear nijsgjirricheden út it betelle fuotbal sjoen fanút in oar perspektyf as dat wy wend binne.
Ek alle skiedsrjochters fan SDS binne wolkom!
Jou je sa gau mooglik op fia
info@vv-sds.nl, want fol is fol.
Erwin sil woansdei flagje by de topper Chelsea – Paris Saint Germain.

Seal team
Woansdeitejûn wol it sealteam fan SDS wer in kear winne. Sij meije it thús opnimme tsjin ONS BOSO 2.

Flagje
Mocht René Zijlstra sneon útfalle as flagger dan moat Hinne Bokma it mar oernimme (klik
hjir). Dan moat hy al mei yn de bus fansels.

E1

E1 ferlear sneon fan Scharnegoutum E1. It wie in doelpuntrike wedstriid (5-6)

F2

Fan de spitsen fan F2 hawwe wij ek noch in plaatsje fan de wedstriid tsjin de Wâlde.

Easterein Rocks 5
Op sneon 21 maart sil alwer foar de 5e kear it
Easterein Rocks plakfine yn it kafé yn Easterein. Der dogge hiel wat SDS-leden en âld leden mei: Pieter de Boer, Gerrit Hingst, Folkert Rients Vellinga, Geeske Yntema, Ieda de Boer ensfh. En fansels SDS sponser Durk Jorrit van der Eems. De muoite wurdich soenen wy sizze!

Harsens derby (1451)
Tikkie werom, Jaap!!!
De moaiste eigen goal ea!