Weppers woansdei 11-3
11 maart 2015SDS League: Wer 2 wykpriiswinners….
12 maart 2015Programma
It programma fan kommende sneon mei skiedsrjochters kinne jim hjir sjen.
Kantine is iepen
SDS 1,2,4,5 en de A’s traine jûn allegear wer yn Easterein en Auke-Jetze Kroondijk hat bartsjinst.
Mei de bus!
Kommende sneon moatte sawol SDS 1 as 2 út nei Sint Jut om 14.30 te fuotbaljen tsjin DWP. Dêr sille sy mei de bus hinne. Fansels is der ek romte foar supporters, heiten en memmen, pakes en beppes, freonen en wa ek mar.
It kostet foar eltsenien €10,- per persoan.
Eltsenien kin harren opjaan fia info@vv-sds.nl!
Der is aardich romte, want wy geane yn in bus fan 58 persoanen. Der is noch romte by de sjoffeur……….
Sponserjûn mei Erwin Zeinstra
Wy hawwe freedtejûn genôch te bepraten mei Erwin Zeinstra oer de wedstryd Chelsea – PSG fan juster (klik hjir). En dan hawwe it noch net iens oer SC Cambuur – SC Heerenveen, it WK, de doellijntechnologie, de kommunnikaasje tusken de skiedsrjochters ensfh.
Stipers, skiedsrjochters, Freonen, leden OVWE kinne harren noch altiten opjaan fia info@vv-sds.nl.
Ut in âlde Treffer
Yn 1984 hiene dizze jonge (it wiene D1, C2 en C1) in toernooi yn de seal. Dit is 31 jier lyn. Wa fuotbalje der no noch bij SDS.?
Trije kratsjes kompetysje
It is wat mei de oanmoedigingspreemjes yn 3A, de klasse fan SDS 1. Wat troch de iene as grap besjoen wurdt op twitter, beskôget in oar as in serieus ûnderwerp. It wurdt metsfiksing is sels fallen (ha,ha). Wij hawwe it oer de trije kratsjes dy’t Nijland beskikber stelden oan de spilers fan SDS1 neidat se fan Workum wûn hiene. Kommende wykein liket der ús ek wol wer wat te heljen yn dizze klasse.
Wij tinke dat DWP trije doazen Snelle Jelle koeken beskikber stelle sil oan WaterPoort Boys at se fan Nijlân winne. At dy WPB-ers wol foar koeke harren ekstra bêst dwaan wolle is noch mar de fraach, mar it is it prebearjen wurdich.
It hat bliken dien dat SDS foar trije kratsjes hiel djip giet (neffens Workum laf spylje en yn de kont hingje) dus sil de sponser fan Nijlân dizze kear it bier ek wol wer beskikber stelle at se winne fan DWP, dan is dy neiste belager ek op genôch punten setten.
Foar Mulier sit er oars neat op as kontakt opnimme mei sc Bolsward. De Boalserters hawwe fêst wol wat doaskes Drie Mollen kofje beskikber at Mulier sc Joure ferslaan kin. It is dan wol gjin bier mar altiten noch better as ranja.
SDS League
Jûn let kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje. Om in oer as 20.30 oere leit de nijste stân al yn de kantine.
Harsens derby (1453)
Hjoed alwer in; “Tikkie werom, Jaap!”