Weppers woansdei 10-12

Weppers tiisdei 9-12
8 december 2014
SDS stypje fia de RABO
10 december 2014

Traine wol/net
Traine kin wol, mar net foar de klaaiboksen.

Lêste wedstryd
Kommende sneon hat SDS 1 de lêste wedstryd foar de winterstop. Sy spylje thús om 14.30 tsjin de polderboys fan TONEGO út Luttelgeest.

Net skorst
De trainer fan SDS 1, Frans Munsterman, krige sneon in reade kaart fan de skiedsrjochter by QVC 1 – SDS 1 y.f.m. kommintaar op de lieding. Dat soe betsjutte dat hy kommende sneon skorst is. It falt lokkich genôch wat ta, want nei de skieds heard te hawwen en it ferweer fan Munsterman hat hy allinnich in saneamde “berisping” krigen. Oftewol: nul wedstriden skorsing.

Winterskoft
SDS 1 hat dus sneon de lêste wedstryd foar de winterstop en traint dêrnei ek net mear dit jier. Sneon 3 jannewaris dogge sy allegear mei oan de snertrin en dêrnei spylje inkelde fuotballers mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal(OFK) yn Frjentsjer. Op tiisdei 13 jannewaris sil der wer foar it earst op it fjild traind wurde.

SDS-League
Jûn smite wy alle punten wer op in bulte en dan kinne wy moarn de nijste stân fan de SDS League wer opmeitsje. No al nocht yn.

Websidebesikers(1)
It docht bliken dat de SDS-websidebesikers fan alle leeftiden binne. Dochs binne der mear fan de leeftiid fan de iene wepmasters as dy fan de oare:


Websidebesikers(2)
It docht ek bliken dat de SDS-webside in hiel soad besjoen wurdt troch froulju. Dy froulju sille dan ek wol de leeftiid hawwe fan ien fan de wepmasters. En dus net dy fan dy ’t graach lizzend fytst.


Alderaardichst
In prachtige selfie!


Harsens derby(1389)
Gareth Bale hie it juster aardich op de heupen.
<