Weppers woansdei 1-11-2017

Weppers tiisdei 31-10-2017
31 oktober 2017
SDS-League: Pieter en Tom pakke de wykpriis!
2 november 2017

Seal

Sij fan de seal sille jûn om 21.00 oere los yn de sporthal fan Easterein. Woudsend is de tsjinstanner.

SDS JO9-1 wint derby op spesjale wize!!

SDS JO9-1 wûn alle wedstriden oant sneon ta mei 4 goals ferskil, mar sneon tsjin Easterlittens wie it mei de mei rust 3-3…. Spits Niek de Haan hie wat in offday….(al 4 wedstriden minimaal 3 goals…..dit kear mar 1…. ) Mei noch 2 minuten te gean stie it 4-4….. Broer en keeper Sven de Haan tocht;  ‘dan doch ik it sels mar….’ en trape de bal út en mei ien stuit gie de bal oer de keeper en makke hy sa de winnende 5-4!!

De nije Treffer

De nije Treffer leit op dit momint by ús drukker en haadstiper Drukkerij van der Eems en is hooplik ein dizze wike klear om besoarge te wurden.

Afbeeldingsresultaten voor van der eems

Ut in âlde Treffer fan 1997

SDS-sponserjûn op freed 17 novimber

Foar alle stipers en Freonen fan SDS hâldt SDS freed 17 novimber in sponserjûn mei, dé lêste kulttrainer fan Nederlân, Simon Kistemaker. Graach sa gau as mooglik opjaan fia info@vv-sds.nl!

Boek De Kist

Bus nei Willemsoord 1 – SDS 1

De bus nei Willemsoord 1 – SDS 1 is sa goed as fol! Wolle je dochs hiel graach mei mail it dan sa gau as mooglik nei info@vv-sds.nl. Miskien kinne wy der noch wat oan dwaan!

Easterein Rocks

Oankommende sneon 4 novimber is it wer safier; ‘Easterein Rocks 6 = Feest’. It begjint om 20.30!!! Sawol by de junioren-rockers as by de folwoeksen-rockers dogge der ek ‘SDS’ers’ mei. Tige de muoite wurdich om efkes te sjen liket ús. Je kinne der streekrjocht út de kantine wol hinne en SDS 1 kin wol foar de kroech út de bus stappe.

Harsens derby (1941)

Under de brûs by Betis Sevilla kinne je oan de kleur fan de billen sjen wa ’t it partijtsje op de training ferlern hat…………