Weppers tongersdei 8-9

Weppers woansdei 7-9
7 september 2016
Seleksjes sneon 10-9
8 september 2016

Programma sneon

It thúsprogramma fan sneon, mei de skiedsrjochters der bij, kinne jim hjir besjen. Wij sykje noch efkes in fêst plak op de side sadat jim it altyd sels fine kinne.

Utslaggen

Woansdeitejûn is in goed skoarende jûn, at wij sjogge nei de útslaggen fan juster. Trije wedstriden en der koe mar leafst 32 kear juichd wurde. De SDS érs 24 kear en de Harnsers, Jirnsumers en Nijlânners meielkoar 8 kear.

Twitter en faceboek

Sa’t jim witte sit SDS ek op Facebook en twitter. Foaral op twitter sette wij ynformaashe dy’t wij gelyk diele wolle mei jim.  Op dizze side hielendal boppe oan, rjochts yn de hoeke sjogge jim it ikoantsje fan twitter (it fûgeltsje) Klik êr op foar de alder lêste ynformaasje

Beker SDS 1

Op 22 oktober mei SDS 1  wer oantrede foar de beker. Tsjinstanner is sneins earste klasser FVC.  De wedstriid wurdt spile yn Ljouwert.  De folseine lotting foar de beker kinne jim hjir sjen.

SDS VR1

trainerssds-vr1Se koene mar krekt op ien “selfie-mei-syn-allen: De trainers van SDS VR1… Pieter, Bote, Marco, Jacob Klaas, Mark en Hendrik.
Mark docht ien jûn en is lieder en de oaren wikselje elkoar ôf op de oare jûn.