Weppers tongersdei 8-7

Wk tuskenstân nei 62 wedstriden
7 juli 2010
Weppers freed 9-7
8 juli 2010

Oefene
Dick Schuurman is kommend seizoen trainer by sneins-4e-klasser VV Heerenveen. Sy begienen harren oefenkampanje mei in swiere nederlaach tsjin de “grutte broer”(klik
hjir).

Yn de bosken
Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat de nije koprinner fan de SDS-WK-League him ferskûle hat sûnt syn kopposysje yn de WK-League. Hy sit earne yn de bosken by 040 sûnder ynternet. Der sil fêst wol ien wêze dy ’t him per SMS op de hichte hâld fan de WK-stân. Of soe der ek gjin berik hawwe?

Octopus
Foar wa ’t net wachtsje kin oan ’t sneintejûn foar de útslach fan de WK-finale dy moat moarn mar efkes
hjir sjen.

Wêr komt de Vuvuzela wei?
It hiele WK freegje wy ús al ôf wêr ’t de Vuvuzela oarspronkelijk eins wei komt. Wy binne der no efter en doare der net mear op te “blazen”………..(sjoch
hjir en hjir).


WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Harsens derby(247)
De bûnskoach fan Dútslân, Joachim Löw, tocht juster efkes mei 2 fingers yn de noas fan Spanje te winnen. No, ja, hy koe dy Spanjolen wol opfrette. Neffens ús helle hy twa dingen trochinoar…………….