Weppers tongersdei 7-4-2022

SDS-League: ‘De Regenjas’ pakt wer ris in wykpriis!
6 april 2022
Weppers freed 8-4-2022
8 april 2022

Trainers-liedersgearkomst

Jûn om 19.30 oere is der in trainers-liedersgearkomst yn de fuotbalkantine.

SDS 1 seal krekt ûnderút

De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe juster spitich genôch mei 2-1 ferlern fan koprinner Futsal Heerenveen 3. In lykspul wie tige terjochte west, mar de jonge hûnen fan SDS ferlearen yn de lêste minút.

Seleksjes

De lieders fan de senioaren en de JO19 binne alwer drok dwaande om de seleksjes foar sneon rûn te krijen. As it no troch it waar, de Korona, de sûnens, de frou of wat ik mar komt. Gjin enkele seleksje rint op sneon oer yn spilers. In oprop dan ek foar alle fuotballers. Nije wike sneon 16 april hoeft allinnich SDS 1 te baljen en kin de rest mei de frou de stêd yn, it gêrs meane, nei de Peaskemerke of in wykeintsje fuort. Dêrnei soe it moai wêze as de aginda op sneon frij bliuwe kin foar it fuotbaljen.

SDS – SVM

Sneon fuotbalje net allinnich de manlju fan SDS 1 tsjin SVM 1, mar ek de fuotbaljende froulju fan SDS Vr.1 en SVM Vr.1 meie tsjinelkoar yn Easterein. De wedstriid fan de froulju begjint om 12.00 oere en dy fan de manlju om 14.30 oere.

Plestik fleskes sparje foar in pannakoai

Yn de kantine stiet in spesjale kontener wêr as lege plestik fleskes yn kinne. De bedoeling is dat de opbringst hjir fan bestimd is foar it realiseren fan in pannakoai. Allegear sparje dus en de plestik fleskes net yn de prullenbak smite!

Foar yn de aginda

Jubileumkommisje

It is noch allegear wat geheimsinnich wat dy jubileumkommisje allegear yn petto hat mei it SDS-jubileum op freed 2 en sneon 3 septimber. Jûn sille sy wer om tafel. Hooplik heare wy ynkoarten mear wat sy eksakt fan doel binne.

Kantine iepen

Lykas foar de Korona is de kantine eltse tongersdeitejûn iepen. Jûn mei de foarsitter foar de hapkes en snapkes soargje. Moai meinommen is al it Europees Fuotbal jûn op it grutte skerm. No al nocht yn!

 

Letter miskien wol mear!