SDS-League: ‘De Regenjas’ pakt wer ris in wykpriis!

Weppers woansdei 6-4-2022
6 april 2022
Weppers tongersdei 7-4-2022
7 april 2022

Je hawwe him al op de souder lizzen nei 2 wiken moai waar en dan hawwe jim him dochs wer nedich; ‘De Regenjas’. Sa giet it ek mei it team fan Kris Gaastra en Thor Ruiter. Nei skoften neat fan harren fernommen te hawwen, neidat sy ferline jier noch de titel yn de SDS-League pakten, binne se der no ien kear wer mei de wykpriis mei mar leafst 62 punten.

‘Op nei de Top’ fan Marten Faber pakte 52 punten en bliuwt dêrmei fier boppe-oan stean. De ienige dy ’t dit noch wat byhâlde kin is Seriette Strikwerda mei ‘Tadic on Fire’. Sy stiet knap twadde mei 23 punten efterstân op Marten. ‘Kansloos’ fan Bas van der Weij stiet hjir wer 3 puntsjes ûnder.

De striid om it 46e plak giet hurd om hurd. Sjoerd van Beem is der mar ien ding oan lein en dat is mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ boppe Jaaps ‘Torpedo Toering’ te eindigjen. Sy hellen dizze wike beide 32 punten, dus it gatsje bliewt 1 punt yn it foardiel fan Sjoerd.

Hendrik Eringa giet mei ‘Paranoid’ fol foar de SDS-paraplu. Aant Hofstra is mei ‘Allegear nijkommers’ 6 punten útrûn op de reade lantearn.

 

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 8