Weppers freed 8-4-2022

Weppers tongersdei 7-4-2022
7 april 2022
Sneon 9-4-2022
8 april 2022

SDS 1 – SVM 1

De jonges fan SDS 1 stean op it 7de plak mei 24 punten, de polderjonges hawwe 10 punten mear en stean op it fjirde plakje. SDS 1 is goed yn foarm. Dat kin best wol wat moais wurde sneon om 14.30 oere.
De seleksje: Jaap Toering, Luuk van der Schaar, Erik Haitsma, Gerwin Sijbesma, Jelte-Pieter Dijkstra, Matthijs Postma, Remco Hijlkema, Pieter Sijtsma, Sjoerd de Boer, Wiebe Heeres, Peter Hoogerwerf, Lourens van der Pol, Wierd Hofstra en Steven van der Pol.

Sponsers fan de wike

COVOS-feest

Moarn as de fuotbalkantine ticht is kin der noch efkes neidûnse wurde yn de sporthalkantine. Folkert-Hans sil dêr optrede.

sc Stiens 2 – SDS 2

Om 13.00 oere mei SDS 2 it opnimme tsjin de nûmer 2 fan de kompetysje. SDS 2 docht it hiel aardich en stean op it fjirde plak.
De seleksje: Anco, Mark, Bauke, Eeltsje, Ewout, Jort, Jurjen, Kent, Lieuwe, Sietse, Sjoerd de V, Tom, Wesley en Wessel.
Sy fertrekke om 11.40 oere en fuotbalje om 13.00 oere yn Stiens.

Sc Bolsward 3 – SDS 3

Mei 21 punten stiet SDS 3 op in fjirde plakje. sc Bolsward hat er 14 punten en nimt plak 9 yn.
De seleksje: Anne, Bote, Frank, Hendrik de J, Inne, Jacob-Klaas, Jelmer, Jildert, Marten, Tsjipke, Watze-Jacob, Willem en Yward.

SDS 4

Sij hawwe neat op it programma stean. Sneon 23 april meie se wer.

SDS 5 – Leovardia 7

Noch altiten stiet SDS 5 op in kreas twadde plak. Kinne se de punten ek helje tsjin de nûmer 9 Leovardia 7? Om 14.30 te sjen op fjild 2.
Dizze seleksje mei om 13.45 oere him omklaaie: Jeffrey, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Harm-Auke, Ids, Jan-Simon, Jentsje, Kerst, Klaas, Peter, Robert en Ronny.
Daan flagget.

SDS Vr.1 – SVM Vr.1

De fammen út de polder kinne aardich balje oan de stân te sjen. Sij steane boppeoan. Soe it leechsteande SDS VR1 team stunte kinne tsjin de polderfammen? Om 12.00 oere binne jim wolkom om efkes te sjen.

Lokwinske!

Dirk de Jong is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2366)

Mocht SDS 2 moarn in penalty krije dan hoopt Ewout him al te meitsjen, want nei syn foarige penalty hat hy in skoftke pine yn de holle hân……