Weppers tongersdei 7-2

Weppers woansdei 6-2
6 februari 2013
Seleksjes sneon 9-2
8 februari 2013

Traine yn Easterein
Als het veld het toelaat vanavond aanvang training jeugd A-1 om 19.00 uur.
Met vriendelijke groet,
Jaap de Blaauw

Seker traine yn Easterein
Het veld voor de boxen is een zwembad.
Daarom traine SDS 4 en 5 vanavond op het multifuncionele centrumterrein.
Dus allemaal de buiten schoenen mee met platte zool.
We gaan 8 uur los!
Tot dan!
Steffen


Wol traine, net strike
As wy Dooitze goed begripe dan sil SDS 1 jûn ek yn Easterein traine as it fjild it talit. Dooitze sels is der net. Ant sil foar him strike.

Seal: SDS 1 wint op ‘e nij
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe justerjûn op ‘e nij wûn. Sy wûnen mei 7-3 fan FFS. De doelpunten fan SDS waarden makke troch Pieter(2), Wichard(1), Theo(1) en de wepmaster sûnder burd. Johan bliuwt ek nei juster de minst passearde keeper fan de 4e-Klasse 03. Meast opfallende man by SDS wie juster Klaas van de Weg; hy wie op ‘e fyts.

It waar
Wy binne benijd as der sneon wat wedstriden trochgean kinne. Sels it fuotbaljen op keunstgers(b.f. ONT 1 – SDS 1) koe wolris in probleem wurde as der wat snie komt en in bytsje froast. Foar de kommende 2 wiken liket it waar ek noch net echt mei te wurkjen(klik
hjir).

Alde Doaze
Sokke
krantekoppen sjogge wij leaver net.

Lyts
Lyts dat hâldt ús wat yn de greep. In grut fuotballer, mar wat oan de lytse kant. De klupbestjoerders hawwe it net echt yn de gaten. Sjoch
hjir.

Respekt
55 jier lyn waard de fuotbalwrâld opskrikt troch
in ramp. Moai om no dit stikje te lêzen.

Nei Oeganda
Jacob-Jan Oostra fan SDS 1 seal sil 29 maaie yn Oeganda foar in goed doel in marathon drafe. Jim kinne him dêr by stypje. It is de muoite wurdich om
dit efkes te lêzen.

SDS League
Doch ek wer mei oan de nije SDS League!
Klik
hjir foar alle ynformaasje. Graach sa gau mooglik ynleverje en yn elts gefal foar nije wike sneon 19.00.

Harsens derby(950)
By PSV seagen sy it nea sa sitten yn keeper Isaksson. Miskien hienen sy him better yn de spits delsette kinnen. Wat in atleet!