Weppers tongersdei 6-3

SDS League: Easpanne pakt de wykpriis!
5 maart 2008
Weppers freed 7-3
6 maart 2008

Trainer(s) socht
SDS is foar folgend seizoen op syk nei in trainer foar de A- en B-junioaren. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei foarsitter
Douwe-Dirk Reitsma.

Opfallend
De trainer fan SDS 2, Hylke Schrale, koe ôfrûne sneon eindliks in kear útgebreid neisitte mei syn spilers fan it twadde. Hy hoefde net te riden en naam it der fan. Hoe let as der thús wie wittte wy net mear mar de kantine wie al lang slúten foar Hylke thús wie. Opfallend wie dan ek dat Hylke ôfrûne tiisdei foar it earst dit seizoen in training fan SDS 2 miste. Of hie hy noch in kater fan it ferlies tsjin Ljouwerter Sweltsjes ôfrûne sneon?????

Berjocht fan Down Under
Wy krigen fannacht berjocht fan Dirk-Yde Sjaarda. hy hat wol wer nocht om te boljen:
Goeienacht (foar jim),
Alderearst wol ik SDS 1 lokwinskje mei it beheljen fan de periodetitel. Dat docht my tige goed. Op nei de 1e klasse soe ik sizze!
Ik wol jim graach witte litte dat it my goed giet. Sa goed sels dat ik fannejun foar it earst sunt myn leste training yn Easterein (2 oktober 2007) wer oan it fuotbaltraining meidwaan sil. Dit kear foar de Old Boys ut Invercargill. Ik hie it al oankondige op myn webside. Ik ha twa wiken lyn echte Puma-Kings kocht (helaas binne se wyt, se hienen gjin oaren mear) foar omrekkene sa’n € 70,-, koopje dus. Dy sil ik dus jun foar it earst oanluke om werris tsjin in bal te traapjen. Ik sjoch der nei ut!!
Groetnis DYS
Moarn kinne jim hjir Dirk-Yde syn nije kicksen besjen.

Maskotte-kwis
Dit kear is de kwis wol hiel dreech. As jim mear as 10 witte fine wy it knap(klik
hjir).

Frjemde goal(4)
Je binne ferdediger en de trainer hat sein dat as it nedich is je de bal mar yn de beamen roeie moatte. En dan bard der dit…..