SDS League: Easpanne pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 5-3
4 maart 2008
Weppers tongersdei 6-3
5 maart 2008

It is fan ‘e wike Minne Bonnema dy ’t mei Easpânne de wykpriis pakt. Hy hie 39 punten.

De nije koprinner is hiel ferrassend “Popkognoli”(Popko Wijnia). Popko Wijnia skreeuwde it út doe der dit hearde. Efterôf die bliken dat dit wie om ’t ien fan syn kroanen it bejûn hie…….

Foar in soad teams kaam it goed út dat Jelle Ten Rouwelaar in penalty pakte. Ten Rouwelaar hat earder ek noch efkes yn Eastenryk keept. Dêr meitsje de skiedsrjochters it de keepers net maklik om in pingel te keren(klik
hjir).

Pieter Lieuwe van der Valk wie hielendal trots op syn team mei it 27e plakje, mar no ’t SC Heerenveen mei in frije fal oan ‘e gong is hat P.van P. yniens ek de smaak te pakken. Hy pakt dizze wike mar 1 punt en sakket fan it 27e nei it 86e plak.

Stiif ûnderoan stiet “Kwaliteit is geen toeval”!! fan Rudy Dykstra. Dat hy ûnderoan stiet is ek gjin tafal. Hy pakte dizze wike mar leafst -3 punten. Spitich foar him wie dat Stephan Keller de reade kaart krige. Dizze waard letter weromlutsen troch de KNVB. Spitich genôch net troch ús puntenteller…..

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 3.