Weppers freed 7-3

Weppers tongersdei 6-3
5 maart 2008
Seleskjes sneon 8 maart
7 maart 2008

Futsal
Willem Overal hat mei SDS futsal 1 best in brede seleksje. Dochs is it foar him in hiele toer om foar de útwedstryd jûn tsjin Avanti 2 spilers byelkoar te krijen. De folgende minsken binne der (mooglik) net: Skelte(op ‘e lange latten, Feite(net 100% fit), Harm(sjoch Feite), Robert(sjoch Harm en Feite), Tseard B.(leit tusken 6 en 8 ûnder syn froulju), Jan-Simon(lêst fan it skouder), Tsjipke(akkefytsje by de toskedokter) en Willem(yn Ingelân).

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1
Yn it seizoen 1975/1976 wûn SDS thús mei 4-0 Oeverzwaluwen. Yn 89/90 ferlear it mei 1-5 en yn 2006/2007 waard it 1-1. Wat sil it sneon wurde?

Net skerp
Wij wiene fannemoarn noch net hielendal skerp. Dat ha je nei tongersdeitejûnen. Dick Schuurman no trainer Oeverzwaluwen, takem jier trainer SDS , seach dat it voetbalnoordoersicht noch fan ferline wike wie. Wij hawwe it feroare. Dick syn konkluuzje: Miskien binne jimme moarn ek wat minder skerp….
Gelokkich fuotbalje wij yn SDS 2 en SDS 5.

Wedstryd sponsoren
De wedstryd sponsoren binne Enno Bruinsma út Easterein en
boubedriuw de Vries fan Koudum.

Traine
Der wiene juster wer 11 man op training bij SDS 4 en SDS 5. Der waard in protte skoard. Elkenien wie de tel kwyt. Utsein PvP , hij rôp ynienen 7-6. Gelokkich naam net ien dit serieus en koe der wer ris âlderwetsk skoard wurde om it winnende doelpunt. Ald mei Jeroen Luiten as jongere derbij wûn doe fansels.

Nije skuon
Dirk-Yde Sjaarda is yn Nij-Seelân wer wat begûn te fuotbaljen sa ’t jim juster lêze koenen. Wy hoopje dat der safolle fuotballet dat hy fan ’t simmer thúskomt mei swarte fuotbalskuon…………….

Echte Puma Kings

Nei Liverpool
Fannemiddei geane Ype, Lolke, Daan en Willem nei Liverpool. Sy sille dêr moarn Liverpool – Newcastle United sjen en as it meisit snein de derby yn de Coca Cola-League 2; Chester City – Wrexham. Moandei komme sy sa fit as in hûntsje wer thús. It ferfier nei en werom fan Skiphol is regeld; Daan riidt.

Kursus?
Anne Stenekes liet juster nei it trainen witte net nei de kantine te kinnen. Hy moast lere…….. Wy freegje ús ôf wat foar kursus as hy docht; hoe leer ik ruften te fouen of hoe doch ik de lytse yn bad? Miskien hawwe jim in idee. Mail se nei ús

Aaipop
Ôfrûne sneon is de foarferkeap foar Aaipop ek wer los gien. Ek dit jier hat de KNVB it mei mooglik makke dat alle SDS’ers hjir hinne kinne. Der wurdt op Peaskemoandei net fuotballe. De kaarten kinne jim hjir helje.

Frjemde goal(5)
Dizze goal wie foarich seizoen te bewonderjen yn Portugal. De grinsrjochter stiet dúdlik efkes te sliepen of it moat in klupgrinsrjochter wêze…………