Weppers tongersdei 6-10

Weppers woansdei 5-10
4 oktober 2011
SDS League: Paul pakt wykpriis!
7 oktober 2011

Ledegearkomst SDS
Set mar fêst yn jim aginda dat de ledegearkomst fan SDS dit jier op woansdei 2 novimber is. It begjint om 20.00.

SDS 2 sneon om 12.00
SDS 2 spilet sneon thús tsjin Makkum 2 om 12.00 ynstee fan 14.00.

Trainen
De C-seleksje traint jûn net y.f.m. te min spilers.
Geert Dijkstra en Sjoerd Rispens traine mei de B-seleksje mei om 19.00. De rest fan de C-seleksje traint mei SDS 4 en 5 mei om 19.00.
Johan

SDS DA2 giet net troch
SDS DA2 hoeft sneon net te fuotbaljen. Y.f.m. in stjêrgefal is de wedstryd tsjin VV Dronryp ôflast.

Fluitsje?
SDS F4 moat kommende sneon tsjin QVC F3, mar sy hawwe net in skiedsrjochter. Wa wol dizze leave jonkjes sneon fluitsje? De wedstryd is om 10.10 yn Easterein. Mail asjeblyft nei
info@vv-sds.nl!


Foarútsjen
Sneon moat SDS 1 thús tsjin koprinner ONR út Roden. ONR stiet foar Oranje Nassau Roden. ONR waard foarich seizoen noch 4e yn de 3e Klasse en promofearde fia de neikompetysje. ONR hat oan ’t no ta alle 5 wedstriden noch wûn en in doelsaldo fan 20 foar en 5 tsjin. Sy winne dus gemiddeld alles mei 4-1………..
SDS en ONR hawwe noch nea earder tsjinelkoar fuotballe. Skiedsrjochter is dhr. Kraak. Dizze hat SDS wolris faker fluite.

Harsens derby (581)
SDS 2 stie sneon al gau mei 1-0 foar tsjin Oeverzwaluwen 2, mar net sa rap as ditzze ploeg:




Letter mear!