Weppers woansdei 5-10

Weppers tiisdei 4-10
3 oktober 2011
Weppers tongersdei 6-10
5 oktober 2011

Nije Treffer
As it goed is dan komt ein nije wike de nije Treffer út.

Sprekkers sponserjûn
Yn de nije Treffer kinne jim nije wike lêze wa ’t de sprekkers wêze sille op de sponserjûn op tongersdei 24 novimber. It giet om in goeie Nederlânse trainer en in ferslachjouwer. Soenen it Bert Maalderink en Louis van Gaal wêze?

Inkelbannen skuord?
Hendrik Engbrenghof hat juster op trainen mei SDS 3 mooglik syn inkelbannen skuord. Hy is yn it sikenhûs west en mei in wike thús mei de poat omheech. Nije wike mei der dan wer nei it sikenhûs om te sjen as de poat wat minder dik is. Oars net sa slim, mar Hendrik soe oars op fakansje nei Mallorca……….

SDS League
Moarntejûn yn de kantine wurdt de nijste stân fan de SDS League bekend makke.

Groeibriljantsje?
Nei Rio Miyachi geane de geruchten dat Feyenoord in nije groeibriljantsje oppikt hat út Sjina:
Japanse Feyenoorder

Harsens derby (580)
Je hawwe knappe goals en hiele knappe goals. Dit is ien út de bûtenkategory: