Weppers tongersdei 4-8

WK Bootcamp 2011
3 augustus 2011
Weppers freed 5-8
5 augustus 2011

Minne bak
Grietzen Broersma lit ús witte dat hy heechstwierskynlik it hiele seizoen net fuotbalje kin. Hy moat op ‘e nij opereard wurde oan syn knibbel. It giet noch altiten net goed en Grietzen sil no in nije krúsbân krije. Wy winskje him in soad sterkte ta.

SDS D2/3 traint
Jûn traint D2 (oanfult mei D3) wêr yn Wommels op it skopfjild.
Allegear op tyd der wêze en sels in kreaze bal mei nimme.
Gr. Hans

PC-kenner
It wie juster dúdlik net in goeie dei foar de SDS’ers op de PC. Allinnich Gerrit Flisijn kaam yn de 2e omloop en nêst Gerrit pakte allinnich Jelte-Pieter in pear(4) earsten. Dirk-Yde, Erik, Jacob-Klaas en Feiko bleaunen op 0 stean. Om ’t Gerrit der 8 pakte kaam it totaal op 12.
Der wie net ien dy ’t dit goed foarspeld hie en der kaam sels net ien tichtby. Hjir de foarsizzingen:
Grietzen Broersma: 
Ik tink 49 earsten, mar dan moatte de Haitsma’s wol even meiwurkje!
Thys Bruinsma út Lollum: Ik gok dat de jonges fan SDS 49 earsten pakke.

Gerrit Sytsma: 30 earsten
Pieter Sytsma: 38 earsten
Meinte Wesselius: Ik tink dat de SDS’ers hjoed 46 earsten pakke.
Jaap Toering:
Ik sis 43 earsten
Johan Delfsma en Wesley Hoitinga:
Vanuit Belgie denken wij dat ze totaal 56 eersten scoren!
Immie Kamstra:
Ik rekkenje op 33 earsten fan de SDSers.
Habtamu de Hoop: Ik tink dat de sds’ers 35 earsten pakke want dirk yde,erik en jacob win it woansdei.


Wommelser Kampioenskip 1 augustus 2011

De lêste reguliere edysje fan it WK en dat wie seker te merken op dizze moaie neisimmerske jûn. Iderien hie noch ien kear om harren yn “de kijker” te spyljen foar de swiere seleksjeproseduere fan it WK Bootcamp en de WK Finale. Mar leafst 21 man kamen op dizze edysje ôf! Wat foel der sa al op?;

– Willem W. wie te let

– Eeltsje Sikke ferdedige troch it midden út

– Debút Sietse K…tsja nei san spulwike binne je ek wat pafferich.

– Igor K. seker net benaud

– Hendrik E. fizier net op skerp..as der überhaupt sprake wie fan in fizier

– Remco B. hat net it lef om die lange bal te jaan.

– Soe Rudy D. op syn hichtepunt stopje?

– Voetjes!

Team donker

Hendrik E., Ate F. de B., Pablo, Elger G., Arjen L., Arjan P., Douwe de B., Jildert H., Christian G., Remco B.

Team ljocht

Eeltsje Sikke, Igor K., Gert jan H., Sytse H., Sietse K., Henk P., Tsjipke O., Rudy D. Jurjen L., Gerlof Jan en Gearard P.

Team donker gie mei fertsjinne foarsprong fan 4-2 de winnende goal yn. It netsje waar ferfolgens bij de winnende goal net fûn troch team donker..dit foarnamelik troch ûndergetekende. En as je jim him net meitsje dan falt der oan de oare kant. Rudy Dijkstra wie dizze edysje de gelokkige. Der gean geruchten dat Rudy op dit hichte punt miskien de skuon yn de wylgen hinget, mar foar as noch binne dat mar geruchten. Dit ekstra koart WK ferslach wurd mêde mogelik makke troch kâlde blikjes Amstel bier en it goud giele strân fan Makkum! Oant freed op it WK Bootcamp!

Nimmens it WK Bestjoer,

Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof


Harsens derby (533)
Hjir de Sjinees Ho: