Weppers woansdei 3-4

Weppers tiisdei 2-4
1 april 2013
Weppers tongersdei 4-4
3 april 2013

Teamkaarten
De actie van de Jumbo Wommels met de teamkaarten van vvSDS is een groot succes geworden in de maand maart zijn er maar liefst 1200 teamkaarten “verkocht” dit levert vvSDS een sponsorbedrag op van €1200.- Heel vvSDS bedankt Jumbo Kooistra Wommels voor deze fantastische bijdrage.
De Sponsorcommissie

E3
Hjoed is it 3 april en yn de wedstriidagenda stiet dat Makkum E2 it jûn opnimt tsjin SDS E3.  De wedstriid begjin om 19.00 oere en wurdt spile yn Makkum.

Programma
De wedstriidsikretarissen hawwe dit wykein flink oan it puzzeljen west troch al dy ôflaste wedstriden . It programma oan 1 juny is klear. Oflasse soe net mear meie…..

Kursus pupillen-skiedsrjochter
Yn de maaie-fakansje is der in pupillen-skiedsrjochter-kursus foar jongens en famkes fan 12-18 jier. Der binne 16 plakken. Y.p. is it bedoelt foar de froulju fan SDS Da1 en Da2 en de A’s en B’s. Mocht der net genôch opjefte wêze dan meie der efentueel ek C-junioaren meidwaan. Mochten je fragen hawwe dan kinne je terjochte by Auke of Friso. Sjoch hjir foar alle ynformaasje en opjefteformulier.

Nocht oan ûnnocht
Sneon spile sc Hearrenfean tsjin Feyenoord. Dat is it selde as Sjoerd tsjin Aant. Grutte ôfwêzige yn it Abe Lenstra stadion wie Sjoerd van Beem. Grutte ôfwêzige thús op de bank mei Eredivisie Live wie Aant. Beide sieten se op dat tiidstip fan de wedstriid earne yn de Ziggo Dome yn 020. It konsert fan
Mumford & soannen hie harren yn de besnijing en se hiene amper oan tiid om de tuskenstân en de einstân fan de wedstriid yn it Fean te folgen. Mar doe’t dy der wie, reagearde Sjoerd mei in koart berjochje nei Aant dy’t earne oars siet of stie: “Moaie jûn hân Aant……..? ”
Leuke meilibjende jonge, dy Sjoerd.

Harsens derby(995)
Allegear mar goed oefenje fan ‘e wike: