Weppers tongersdei 31-1

Weppers woansdei 30-1
29 januari 2008
Weppers freed 1-2
30 januari 2008

Net traine
It trainen fan SDS 1,2,4 en 5 giet jûn net troch.

Kabel lûke
Ha goeie,
Alle trainen is jûn ôflast, fierder is der ek neat. Wa sich ferfeeld kin wol efkes helpe by it kabel lûken.
Groetnis,
Durk.


Dooitze is der wol
Mocht it trainen jûn net trochgean, ik bin wol beschikber. Mar dan tusken 19.00 en 20.00 ûre. (yn box 5, en ôt de kantine iepen is, dan soe ik der ek wolris sitte kinne)
Dooitze


SDS League
Trienus de Jong ferwachtet gjin nuvere transfers mear hjoed en hat de gok nommen om alfêst syn team yn te leverjen foar de twadde helte fan de SDS League. Klik hjir om de spilerslist oan ’t hjoed te besjen.

Transfers
De ferwachting is dat der hjoed noch wol wat transfers barre sille. Op dizze webside (en dizze) sil der hjoed wol it ien en oar te sjen wêze. Jûn sil yn de kantine fêst teletekst ek wer drok folge wurde.

De leafde
Dat de leafde yn de sport soms ta mindere resultaten liede kin, is net bewezen mar soe best wol kinne. Yn it prachtige en maklik lêsbere boek oer Abe fan Eppie Dam
Epie Dam Abe in byld
stiet in prachtich foarbyld oer hoe’t je dêr mei omgeane. It is it ferhaal fan Abe syn frou.
Voor de rust stond Veendam met 4-1 voor. Het bestuur van Heerenveen zat te mopperen. Ze noemden de spelers “lamlendig. Ik hoorde iemand zeggen, dat de liefde Abe blijkbaar geen goed had gedaan. En dat het maar afgelopen moest zijn met de verkering.
Helemaal overstuur kwam ik in de pauze in de kleedbox, dat kon toen nog.
”Wat is er met jou?” vroeg Abe, die wel zag dat het huilen mij nader stond dan het lachen.
“Ze willen dat de verkering uitgaat”, snikte ik.

“Wat zullen we nou krijgen,”riep hij, Zijn ze nou helemaal bezopen. Maak je geen zorgen, ik zal ze wat laten zien.”
Heerenveen won met 4-6. Veendam was nergens meer. Razend was Abe en de volgende week moest er heel wat afgepraat worden voordat hij weer wou voetballen.

Scorpion-Kick
Nei it flearmûsdoelpunt en de Donkey-kick hawwe wy ek noch de Scorpion-Kick. Rene Hiquita, de knotsgekke keeper út Kolombia, makke him hjirmei ûnsterflik. Hy die dit op it hillige gêrs fan Wembley: