Weppers freed 1-2

Weppers tongersdei 31-1
29 januari 2008
Seleksjes sneon 2-2
1 februari 2008

Nije websponser
Wij krije fan Enne Bruinsma dat er per 1 febrewaris 2008 in nije haad websponser is. Accelent sil te nei rjochts boppeoan komme te stean mei harren logo.

Faantsjes
De faantsjes dy’t yn de kantine hongen binne hiel spesifyk útwosken. Se hawwe no allegear de selde kleur en útstrieling. Se binne te keap foar 6 euro per stik

SDS 1 – Trynwâlden 1
Sneontemiddei stiet dizze wedstryd op it programma. De wedstryd yn Oentsjerk einige yn 0-0. Hoe de stân fan saken fieders is dit jier kinne jim
hjir sjen.

Nije spits
Us oandacht giet de lêste tiid wolris wat te folle út nei sc Hearrenfean. Alteast at je it fergelykje mei de oandacht dy’t wij oan Cambuur jouwe. Derom in goed nijtsje, Cambuur hat in nije spits oanlutsen. Fan de jeugd fan Twente is oerkommen Halil Colak. En wat seit dizze foar ús ûnbekinde spoler op de fraach wat syn stribjen is it kommende healjier: “Zoveel mogelijk minuten maken……”

Stoffel
Wij skreauen al dat Stoffel op kursus “pylk en bôge” sjitten wie yn Belgie. Hij joech dêr noch wol efkes in demonstraasje hoe it ek kin. Foar it pylk en boge sjitten is Stoffel sakke.

Leeds United
Yn Ingelân hawwe je in soad saneamde “sleeping giants”. Klups dy ’t op basis fan harren skiednis en grutte supportersskare yn de heechste divysje heare, mar dêr al jierren net mear fuotbalje. Sommige fan dizze “giants” wurde sels yn harren bestean bedrige. Leeds United is sa ’n klup. Yn de jierren 70 noch ien fan de best fuotbaljende klups en no op de râne fan in faillisement. Wa’t net wit hoe goed dizze klup west hat, moat mei nammen de lêste minút fan dit filmke efkes sjen
: