Weppers tongersdei 30-1

Weppers woansdei 29-1
28 januari 2014
Weppers freed 31-1
31 januari 2014

Moandei 3 febrewaris SDS’ers nei it gemeentehûs
Yn gearwurking mei de Skoalleseize is der in brief opstelt nei de gemeente ta oer de plannen die moandei 3 febrewaris yn it rûntepetear oan bar komme. SDS en de Skoalleseize stean net op ien lijn mei de plannen dy’t de gemeente mei ús foar hat.
Wy, SDS en de Skoalleseize, wolle mear jild dan wat B&W no wol. De rie is oan bod.
SDS ropt de SDS-leden op om mei sa folle mooglik moandeitejûn 3 febrewaris 19.30 op it gemeentehûs te kommen foar in better plan.
Douwe-Dirk Reitsma
Dizze brief sil moandei oan bod komme.

Wy hoopje dat it hjir moandei swart(-wyt) sjocht fan de SDS’ers!

Seal: SDS 1 sneu ûnderút
SDS 1 ferlear juster mei 4-3 fan Jubbega 3. Dit hie net hoecht. Nei de earste helte stie SDS noch mei 3-1 foar troch goals fan Jacob, Wichard en de wepmaster dy ’t rjochtop fytst, wylst it eins msikien wol al 5-1 wêze moast. Yn de twadde helte sette Jubbega oan en dat rissulteare úteinlik yn in 4-3 oerwinning foar de Kompenijsters. 

25 jier lyn
Op dit moment is it EK sealfuotbaltoernooi yn Nederlân oan de gong. Bylden binne meast te sjen op Eurosport.
It is noch mar 25 jier lyn dat it earste Fifa sealtoernooi holden waard. Dat wie yn Ljouwert. Der wie grutte belangstelling en fan SDS binne der ien of mear jeugdteams hinne west te sjen. De wepmaster dy’t allinne op it AldeLullenToernooi fan Daan Boersma yn de seal yn aksje komt fûn noch wat oantinkens
yn syn plakboek.

Sealtraine jeugd
Fannemiddei fan 17.00-18.00 traine E3 en E4 yn de seal yn Easterein û.l.f. Wytze Lanting en de wepmaster dy ’t faker as ien kear per jier sealfuotballet.
Sjoch
hjir foar it hiele sealskema foar de jeugd.

Sealtraine SDS 2 en 3
Tongersdeitejûn traine SDS 2 en 3 wer yn de seal fan 21.00-22.00. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Kaarten
Vera: Twa tige lokkige froulju út Easterein seagen wij op Twitter: In het eerste half uur van de kaartverkoop zijn vanochtend bijna 3000 kaarten verkocht voor Feyenoord – Ajax @WilmaS1977  wy binne der by!!
De Feyenoord fans binne der no wol gerêst op.

2014-2015
Wy kinne alfêst melde dat foar SDS 1 it seizoen 2014-2015 begjint mei in kompetysjeprogramma op sneon 6 septimber. It bekerprogramma begjint al op sneon 23 augustus. Sjoch hjir foar de spyldagenkalinder.

Alderaardichst
Je kinne wol sjen dat it WK-sealfuotbal yn België holden wurdt. Wêr betinke se it oars om mei in blaue bal op in swarte ûndergrûn te fuotbaljen?
fashion2

Harsens derby(1201)
Dizze korner út de Earste Divisie is in stik better as dy fan moandei út de Serie A: