Weppers freed 31-1

Weppers tongersdei 30-1
29 januari 2014
Sneinweppers
1 februari 2014

Moandei 3 febrewaris SDS’ers nei it gemeentehûs
Yn gearwurking mei de Skoalleseize is der in brief opstelt nei de gemeente ta oer de plannen die moandei 3 febrewaris yn it rûntepetear oan bar komme. SDS en de Skoalleseize stean net op ien lijn mei de plannen dy’t de gemeente mei ús foar hat.
Wy, SDS en de Skoalleseize, wolle mear jild dan wat B&W no wol. De rie is oan bod.
SDS ropt de SDS-leden op om mei sa folle mooglik moandeitejûn 3 febrewaris 19.30 op it gemeentehûs te kommen foar in better plan.
Douwe-Dirk Reitsma
Dizze brief sil moandei oan bod komme.

Wy hoopje dat it hjir moandei swart(-wyt) sjocht fan de SDS’ers!

Nije kompetysje-yndielingen jeugd
De nije kompetysje-yndielingen foar de jeugd binne bekend, mar noch net by ús. De D3 en D4 koenen wy allinnich fine op Voetbal.nl. Wat opfalt is dat it iene team al wat fierder fuort moat as de oare……….

Hardegarijp D3
Oosterlittens D3
Ouwe Syl D2
SDS D3
Suameer D1G
Warga D2
FVC D3
Leeuwarder Zwaluwen D4
Makkum D2
ONS Boso Sneek D4
SDS D4
SWZ D6

Kompetysje
De kans is grut dat SDS 1 sneon gewoan los moat foar de kompetysje. Sy spylje út tsjin Minnertsgea 1 en dêr hawwe sy wol keunstgêrs……..
Fuort: 12.30
Spylje 14.30
Skelte, Ewout, Kristian, Jacob, Wytze, Tsjipke, Jelmer, Mark, Marco, Dirk yde, Harm, Jaap, Sjoerd, Ayanle,
Ass. Skiedsrjochter René Zijlstra

Oefenje
SDS 2 sil sneon om 12.30 op it keunstgers fan Sneek-Wit-Zwart oefenje tsjin Delfstrahuizen 2.
Fuort: 11.15
Spylje: 12.30

Dirk, Sjoerd van B, Bauke, Jelte P, Gerrit, Hendrik, Anne, Bote, Jort, Sjoerd  R., Jesse, Willem, Hendrik E, Pieter K

SDS A1
SDS A1 oefent yn Drylts tsjin YVC A1. Dit is ek op keunstgers.
Fuort: 8.30
Spylje: 9.30

Jelle, Allert, Ruurd, Pieter de V, Jurjen, Bauke, Stephan, Lourens,Wiebe, Pieter, Remon, Gerwin


Appmaster?
Beide wepmasters wienen net op de hichte fan de oefenwedstryd fan kommende sneon fan SDS 2 tsjin Delfstrahúzen 2. “Mar dat hat dochs yn de groeps-app west”,  rôp der juster ien……….
Miskien wurdt it heech tiid foar in “Appmaster” neist de twa wepmasters.

SDS League
De fuotbalklups hawwe noch ien dei om transfers foarelkoar te krijen. Dan kinne wy dêrnei de SDS League foarelkoar meitsje. Oan ’t no ta binne
dizze transfers rûn.
Hjir kinne jim hjoed de lêste transfers folgje.

Aginda
Wy hawwe de aginda mar wer ris efkes bywurke. Jim kinne him
hjir fan oernimme. Mochten jim wat misse of mocht der iets net kloppe mail dan nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby(1202)
Mei 5-1 ferlieze en dan dochs noch efkes dit; Toet,toet!!