Weppers tiisdei 1-7

Foeke Reitsma wint de SDS EK-League!
30 juni 2008
Weppers tongersdei 3-7
2 juli 2008

Wiete WK

De Wk yn Wommels gie moandeitejûn gewoan troch ûndanks de fûle rein dy’t it fjild teistere. De 10 man waarden der net oars fan. Allinne Erik Haitsma like der net mei oangean te kinnen. Hij wûn net in partij, ûndanks dat hij om de 10 minuten wer nije maten útsocht.

Dûbel wiet
It sportfjild fan Wommels lei foarhinne oan de fiver en fierders leine der allegear fearten om hinne. SDS-ers dy’t dêr earder harren kompetysje wedstriden ôfwurken, wisten dêr folop gebrûk fan te meitsjen. In doelpunt skoare wie it doel en dan de bal yn de fiver rosse betsjutte in ­ûnderbrekking fan tenminste 10 oant 15 minuten. Op dit momint leit der noch ien feart oan in side. En krekt yn dy feart rollet de bal wol gauris. De dieder moat him der dan útfiskje. Moandei wie it Mark. Dat hij wat minder bij de feart sit as syn fiskjende brourren, die bliken: In snoek, in snoek bij Mark yn de broek……

Folgend WK
Kommende tongersdei wurdt der om 19.30 wer fuotballe op it fuotbalfjildsje yn Wommels.

Schade Deutschland, alles ist ………
Lekker gezellig bij Ivo Donath op verjaardag een biertje drinken en met een schuin oog naar de finale kijken.
Spot ik daar niet een fanatieke fan van Duitsland!!!!
JAAJAA de vriendin van FP(Frans Pieter Terpstra) Chrissy Schramm.
De ene foto is ze nog vrolijk en op de andere foto ziet ze het niet meer zitten.
Wat jammmmmmmer nouuuuuuuu
Groet Johan Delfsma


“Deutschland, Deutschland……….”


Mar moai dat je Fryske freonen sa meilibje……

Kounter
Dy kounter op it EK fan Nederlân mocht der seker wêze. Dizze oars ek wol: