Weppers tongersdei 3-4

SDS League: Jan pakt wykpriis!
2 april 2008
Weppers freed 4-4
4 april 2008

Futsal
SDS 1 hat tiisdeitejûn wûn fan koprinner Workum. Yn Workum waard mei 3-1 wûn. Feite(2x) en Peter makken de goals. Workum koe pas yn de lêste minút wat weromdwaan.

Melke
Dy Dirk Yde Sjaarda melkt wat ôf. Foar 500 kij draait er syn hân net om. Hij treft boppedat wol in hiel soad Friezen dêr. Sjoch hjir foar syn
tweintichste bijdrage.

Sukkels
It wurd sukkels dat fûnen wij werom yn ien fan de reaksjes op ús 1 april grap. Sukkels wie net it wurd wat Louis van Gaal dit wykein brûkte doe’t er oer LTS-ers hie, mar hij bedoelde it wol sa (of dochs net).
Yn alle gefallen, it wurd eksuses kaam ek yn dit ferbân nei foaren. Wilfred Genee, mei foarsprong de beste fuotbalpresintator, skreau der in  
prachtige kolumn oer yn it AD. Wij wachtsje ek gewoan ôf. Wa’t wol in sukkel is kinne jim hjir sjen.

Wille
De redaksje fan de Treffer wie al langere tiid op de hichte fan de kommende 1 april grap:
Ik sit mei in big smile efter de kompjoeter,
Groetnis
Silvia
Ik ek
Sjoerd
Ik ek!!!
Gerard


Tas graach werom
No doar ik wol te reageren. Soene jim Dennis fertelle kinne dat hy myn tas nog thus hat? Nei my lustert er net dus ik sit no nog steeds mei tas nr. 101 opskeept. Jim meie fan my de list ek wol oanpasse, dan prebearje ik wol op Dennis syn skuon te baljen. Miskien kin ik dan ek sa hurd drave!?!
Bestuhh,
Gr. Jan

TRS
As ik nei de wedstrijd tagean haw ik nr 99 , mar as ik nei ofrin ut de kantine kom haw ik nr 66.Soks is dochs fremd.
Leit dit oan it trs sijsteem?
hjoed nr 99
Wierskynlik is de tredde helte der de oarsaak fan dat de tassen sa faak troch ferkearde persoanen meinommen wurde. Dat Jan nûmer 101 meinimt ynstee fan 38 is ús net hielendal dúdlik om ’t 38 op ‘e kop earder 83 is. Dat Dennis mei opsetsin 101 naam hat is ús no wol dúdlik……….
Wat ús wol opfalt is dat der noch gjin froulju binne mei SDS-tassen. Sy hawwe harren yn elts gefal noch net opjûn. Of soe dat ek dêrom wêze(klik
hjir).

Maryam and the gost bees
Minne Bonnema skriuwt ús dit:
Hoi,
It petear stiet mar tige kreas yn de “Treffer “ wol tefreden oer.
Groetnis Minne. 
(
Bij geande link, in filmke mei bijen yn stee  fan in rôljende bal)

Hakkie(4)
Dat hakkie fan Van der Vaart wie wol aardich, mar wie fansels ôfsjoen fan Willy Carbo dy ’t yn de jierren 80 sa foar FC Twente skoorde: