Weppers freed 4-4

Weppers tongersdei 3-4
3 april 2008
Seleksjes 5 april
4 april 2008

Oflast
Wij krije troch dat SDS Da – Harlingen Da moarn net troch giet. De reden is sykte en in wykeintsje op paad mei de tsjerke.
Ek B1 komt net yn aksje. De selde reden


Programma sneon 5 april
Der falt ien ding op oan it programma foar moarn. Sawol SDS 1 as 2 spylje moarn thús tsjin Balk. Sjoch hjir foar it hiele programma.

SDS 1 – Balk 1
Beide klups hawwe wolris faker tsjinoer elkoar stien.  Hoe’t it allegear sit kinne jim hjir lêze

Wokken populairder as trainen
21 man frijwillich mei te wokken en op tongersdeitejûn 3 man op trainen. It is wol dúdlik hoe’t it mei de feteranen sit. Sij ferlearen dan ek yn de blubber.

Ofsluter
Sa as earder oankundige sil de ôfsluting fan it seizoen plakfine op 26 april o.s. Fanôf 16.30 oere sil foar ús optrede duo Reflex. Wy soenen graach sjen dat de kantine nei de wedstriid tsjin Bûtenpost dizze dei grot mar dan ek grotfol mei misken is sadat we mei syn allen in gesellige neimiddei hawwe meie. Ek sil der wer it tradisjonele “draaiend  rad” hâlden wurde mei fansels wer lúkse prizen. Dus stipers, sponsoren, frijwilligers en supporters, net stinne mar der hinne.
De aktiviteitenkommisje

1 april
De trainer fan SDS 2, Hylke Schrale, skrok tiisdeitejûn al efkes. Neidat de sealfuotballers fan SDS 1 fuotballe hienen krige Hylke in SMS’ke út Workum;”Jan-Simon hân brutsen Feite ankel ferstûke”. Hylke begie te switten en te triljen en koe net mear werom SMSe. Efkes letter krige hy wer in SMSke; “en dat op 1 april………..”

Betterskip!!
Sa krekt ha ik efkes skille mei de famylje Brinksma. Woansdei wie Andries fan it fjild tilt om’t hy troch de ankel gien wie, so tocht men. It docht nei in dei sikehûs, juster 3 april, bliken dat it folle slimmer is. By in aksje op de training woansdei soe Andries sjitte/passe en waard derby blokt. Dat bart wolris faker fansels, mar no kaam it ferkear oan.
It gefolch wie dat syn ankelbonke brutsen is en de binnenste ankelbannen skuort binne. Dat is fansels ferskriklik spitich foar Andries, as echte fuotballeafhawwer, want it seizoen kin hy net ôfmeitsje. We winskje Andries alle sterkte en goed en flot herstel ta.
En fansels komme we efkes op besite!
Groetnis, Klaas Pompstra


Latje-trap
Justerjûn koe der op trainen by SDS 2 hiel wat fertsjinne wurde. By it “latje-trappen” waard ôfpraten dat degene dy ’t de bal it faakst op de latte traapje soe kommende sneon fan alle oare persoanen dy ’t meidienen in bierke krije sil. Moai betocht troch trainer Hylke Schrale. Hy hie blykber de hiele wike thús oefene, want wa wûn? Ynderdaad, Hylke Schrale. Hylke komt sneon dus heechstwierskynlik mei de bus nei Easterein.

Wetter
Hjoed koenen wy dan eindliks yn de krante en op ynternet lêze wat wy al folle langer wisten; “
water is alleen goed tegen een kater“. Foar de tredde helte moarn jild dan ek op ‘e nij; “alinnich wetter drinke is fout, it smakket allinnich mei hop en mout”!

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe se hast kompleet!
Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!

It giet om dizze tassen

Hakkie(5)
Wy binne gek fan hakkies. Jim koenen der fan ‘e wike in stik of wat fan sjen. Dizze goal wurdt net mei in hakkie makke, mar yn de oanrin nei de goal binne der genôch hakkies te sjen. Sjoch en genietsje!