Weppers tongersdei 29-8

Weppers woansdei 28-8
27 augustus 2013
Weppers freed 30-8
29 augustus 2013

SDS MC 2 – SWZ MC 1    7-4  (oefenje)
“In leuke partij” sa jout ús korrespondente troch. Doelpuntryk ek, want de útslach wie 7-4. Bij it skoft stie it 4-0 en dy 4 doelpunten waarden allegear makke troch Tjitske. Nei de thé wiene it Alissa en Moniek (2) dy’t skoarden.

Heeg A1 – SDS A2    5-1  (oefenje)
Twa saken te melden oer dizze wedstriid. Douwe Kooistra skode in bal kreas yn de hoeke en dat wie it ienige doelpunt. En fierders is Gosse Vellenga mei in swiere ankelblessure nei it sikenhûs gien. Hoe’t it fierders giet is ôfwachtsjen.

SDS 1
It doelpunt fan SDS 1 ôfrûne tiisdei is makke troch Dirk Yde Sjaarda.

Harsens derby(1101)
Knappe korner………………………….flagge!