Weppers woansdei 28-8

Programma sneon 31-8
26 augustus 2013
Weppers tongersdei 29-8
28 augustus 2013

SDS 2 – SC Bolsward 2      2-0
Yn in échte simmerjûnswedstryd wûn SDS mei 2-0 fan SC Bolsward. It tempo lei net al te heech en foar de neutrale taskôger wie der net folle te genietsjen. Foar de SDS-supporters krekt efkes mear. Sy seagen in krekt wat better SDS mei 2-0 winnen troch 2 goals fan good-old Hendrik de Jong.
Sneon moat SDS 2 thús foar de beker om 14.30 tsjin Blauw-Wit’34 2.

WPB 1 – SDS 1
SDS 1 hat juster mei 2-1 ferlern fan WPB. Wa ’t hjir mear fan wit mei ús maile. It ienige wat wy witte is dat Dirk, Tsjipke en Ewout yn elts gefal blesseard wienen.

Oefenje
SDS A2 sil jûn oefenje tsjin Heeg A1. Dat fynt plak yn Heeg. De wedstriid begjint om 20.00 oere en de jonges fan SDS geane om 19.00 oere fuort.

Oefenje(2)
SDS C1 sil moarn oefenje tsjin QVC B1 neffens Pieter de Boer.

SDS D3
SDS D3 traint fannemiddei fan 17.00.-18.00.

Seleksje SDS A1 sneon 31 augustus
De spelers voor de bekerderby van a.s. zaterdag 31-8 Easterlittens A1- SDS A1
aanvang 14.00 – vertrek 13.10
Bouke Fopma, Jelle de Vries, Pieter Wesselius, Ruurd Visser, Pietert de Vries, Jurjen Los, Lourens vd Pol, Martijn Hoogerwerf, Wiebe Heeres, Almar Kramer,
Pieter Sietsma, Stephan Kok, Foeke Reitsma, Allard Turksma.
Rijders ; Almar, Martijn, Wiebe, Stephan.
Donderdag om 18.30 aanwezig in de Skoalleseize ivm bespreking met jeugdbestuur.
groet,
Boudewijn.

Net bliid

De krâns winne is fansels it aldermoaist. Dat makket de measten bliid. De twadde priis winne is ek moai. Dat makket de measten in bytsje minder bliid. Mar om dan sa te sjen mei sa’n moai sjurtsje oan dat hoecht no ek wer net.

Wol bliid
Bij MC binne se wol bliid. De koaching fan MC2 op sneon sil dien wurde troch Akke Rixt Zijsling. En foar de omballingen (wat is dat in moai wurd) is Gerda Delfsma kontrakteard.

Harsens derby(1100)
Hoe ’t in penalty deryn giet makket neat. As hy mar sit: