Weppers tongersdei 29-5

Weppers woansdei 28-5
28 mei 2014
Weppers freed 31-5
29 mei 2014

Seleksje A1
Kommende sneon silet SDS A1 tsjin GAVC A1. Dat barren fynt plak yn Easterein. De seleksje sjocht der sa út:
Bouke, Jelle, Jurjen, Wiebe, Martijn, Pieter S, Teun, Allert, Almar, Lourens, Pieter de V, Jan Fokko, Foeke.
Flagger, Pieter W.
OM 10.15 der wêze en om 11.00 fuotbalje

Pool WK
Fansels dogge jim allemear mei oan de WK pool fan SDS. Jim kinne der
hjir alles oerlêze

Dooitze
Dooitze docht ek mei oan de pool, sa lit hij ús witte. De kâns dat in oar dan lêst wurdt is dan al wer in stik lytser tochten wij sa:
Jim hoege my dizze keer net te helpen my it ynfullen. Ik sil wol de allerlêste wêze die de pool ynfulle sil, want ik kin dan mooi sjen wat myn concurrinten foarspeld hawwe. Ik fyn dit een mooi systeem, en ek mooi dat der wer een gastenboek is. Ik ha ek al een namme betocht:
Een protte eersten einigje faaks as lêste.
Dooitze

Sjurtsje

Se rinne bij it Efkes Baljen mei rose sokken om mar gelokkich ek yn âlde sjurts. Ferrie Korbach hie in sjurtsje oan dat syn heit earder as trainer oan hie bij in betelle fuotbalklup. Bij hokker dat wie?

Keatse
Hjoed is it wer sa’n dei dat der oeral keatst wurdt. Moarn ek noch in bytsje. Yn Easterein is moarn haadklassekeatsen foar froulju en manlju. It begjint om 15.30 oere en de tagong is fergees.

Harsens derby(1286)
Hite kroketten!