Weppers tongersdei 28-9-2017

Weppers woansdei 27-9
27 september 2017
Weppers freed 29-9-2017
29 september 2017

SDS 1- Oudehaske 1

Sneon om 15.00 oere op sportpark de Skoalleseize en dit is de foarbeskôging fan Voetbalnoord

Allegearre komme sneon !

Wij hoopje fansels al dat er sneon in soad publyk is bij SDS 1- Oudehaske 1, want tastannen lykas yn Spanje moatte wij hjir net ha bij SDS. Sjoch hjir

SDS MO 17-1

Justerjûn hawwe se oan it baljen west yn Seisbierrum. It resultaat wie in  2-2 gelykspul. Dat waard behelle mei mar leafst 4 MO15 spylsters. Troch dit resultaat troch yn de beker. Lokwinske!

SDS VR1

Sij hiene juster hielendal in perfekte jûn. Net spylje en wol troch yn de beker. Dronryp/Foarút ferlear ferassend en bliuwt stean op 4 punten wylst SDS 6 hat. Lokwinske!

SDS seal

Je kinne it je hast net foarstelle, at in sealwedstriid yn 0-0 einigt.  Dat moatte twa hiele goeie keepers west ha bij Black Boys 3 en SDS 1. Einstân justerjûn 0-0

Groot Sneek


Jim hawwe juster fêst ek de krante Groot Sneek yn de brievenbus krigen. Neist nijsgjirrige ferhalen siet er in fuotbalbijlage bij oer klups yn de regio. Ut namme fan SDS komt Hendrik de Jong oan it wurd.

Bekerlotting

Foar SDS 1 sit er gjin ferfolch yn wat it bekertoernoai oangiet. Foar tal fan oare klups wol. Sjoch hjir de lotting foar de earste ronde.

SDS-League

Ferjitte jim net je nije team foar de SDS-League yn te leverjen? It moat foar sneon 19.00 oere! Û.o. Aant, Annejan, Bauke, Sytze, Hendrik Eringa, Grietzen en Wayne Rooney hawwe him yn elts gefal al ynlevere! En Dooitze is fansels noch drok oan it prakkeseren!

Oktoberfest yn de Tsjerne

Kommende sneon 30 septimber is it alwer safier. Dan organisearret de Âldjiersploech Easterein yn gearwurking mei de Tsjerne wer it jierlijkse Oktoberfest yn de Tsjerne. De pullen bier en bratwürsten steane wer foar jim klear op de lange biertafels en ûnder musykale begelieding fan Aprés Ski/Oktoberfest DJ Bürgermeister meitsje wij der wer in geselliche jûn fan. Tuskentroch sil de ienige echte Marcelino Wûnderlich jim wer fermeitsje mei syn entertainmentprogramma. Litte we der wer krekt sa’n moai feest fan meitsje as ferline jier. Oant kommende sneon!!

Harsens derby (1928)

Somtiden hawwe je fan dy wedstriden dat de bal der net yn wol…………..