Weppers tongersdei 28-5-2020

Weromsjen op 1991-1992
25 mei 2020
Trainingsskema fanôf 1 juny
2 juni 2020

Trochtraine

De Skoalleseize jout SDS de romte om nei 1 juny ek noch te trainen op it keunstgers. Wy binne no oan it ynfentariseren welke teams der allegear trochtraine wolle.

Spullen ynleverje!

Nije wike tongersdei 4 juny fan 19.00 oant 20.00 uur by it kassahokje kinne alle SDS-klean, -ballen en oar guod ynlevere wurde by Willem Twynstra en Klaas de Haan.

Kantine no noch ticht, mar miskien 1 july wer iepen?

Wy as SDS hawwe der net folle mear oan, mar foar de keatsers en úteinlik ús allegear soe it moai wêze as op 1 july de sportkantines wer iepen meie. Sjoch hjir.
De kantine is no yn alle gefallen noch ticht. Ek foar oerlizzen e.d.

Seizoenkaart sc Heerenveen

Sc Heerenveen hat ynmiddels 3000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?

Sponserrin by sc Heerenveen?

Yn april soe der in sponserrin wêze om it Abe-Lenstrastadion fan sc Heerenveen, mar dizze gie net troch y.f.m. de Corona. Sc Heerenveen is no mei de amateurklups oan it sjen om dizze sponserrin op in oare manier yn te fullen. Mear ynformaasje folget!

Lokwinskuhuhuhhuuhuhhh!

Wy kinne by SDS dochs noch ien lokwinskje mei in kampioenskip! Fersoarger Hennie Roubos is net allinnich fersoarger by SDS, mar op snein ek by Jubbega 1. En sy hawwe fannewike te hearen krigen dat sy as nûmer 4 mei it beste puntengemiddelde fan de 2e-Klasse promofere meie nei de 1e-Klasse. Fan herte lokwinske! Hennie makket it 1e-Klasserskip folgend seizoen net mei as ‘Jubbegeaster’, want hy fertrekt nei dit seizoen nei vv Wit-Zwart-Sneek sneins.

Kontakt op trainen?

Yn Ingelân meie sy alwer lichamelijk kontakt hawwe op de training. Sjoch hjir.

Harsens derby (2232)

As de bal der mar yn giet……..

 

 

Daliks mear!