It is dizze wike Eeltje Postma dy ’t foar it earst yn syn libben in wykpriis pakt yn de SDS League. “This is it” komt hjirmei op in kreas 3e plakje.
Eeltje hie dit nea tocht……
“Veerkracht” fan Bauke Dijkstra stiet noch altiten boppe-oan, mar it gat mei nûmer 2 “Ozzy Rules”(Hendrik Eringa) is al wat lytser wurden. It ferskil is mei noch 3 wiken te gean 7 puntsjes.
Floris Hiemstra docht mei “ACAB” noch in oanfal op de reade lantearn. Hy hat no noch 15 punten foarsprong op “Ken et za”(Harm Bergsma), mar as Floris nije wike wer mar 10 punten hat dan kin it noch wolris spannend wurde.
Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 9.