SDS-League: ‘Overal United’ pakt op ‘e nij de wykpriis!

Weppers moandei 26-10-2026
26 oktober 2026
Weppers moandei 26-10-2026
26 oktober 2026

Germ Stenekes hie mei ‘BB’ op de wykpriis rekkene lykas de wepmaster sûnder burd mei ‘Ai(Alles itselde)’. Beide gripe krekt njonken de wykpriis om ’t Sybrecht Overal en Willem Twijnstra mei ‘Overal United’ lykas ferline wike oan it langste ein lûkt.
Germ tocht mei in foarhoede mei 6 goals fan Tengstedt(GAE), Trenskow(HEE) en Willumsson(GRO) de wykpriis te kapen, mar ‘Overal United’ hie neist Tengstedt en Trenskow ek noch Brandt(AJA) en Til(PSV) mei 2 goals.

Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ stiet noch altiten boppe-oan, mar de nûmer twa komt hieltiten tichterby. It ferskil mei nûmer twa, Tsjalling Sikma mei ‘FC Dronryp’ is no noch mar 1 puntsje.

‘V.V. Retired’ fan Kevin den Haan slûpt stadich omheech yn de stân. Hy pakt 51 punten en giet fan it fiifde nei it tredde plak.

It is altiten lestich in keeper te kiezen yn de SDS-League. Dogge je in keeper dy’t faak de nul hâldt of dan dochs leaver in spits fan deselde klup. It is net te sizzen.
Hie de wepmaster sûnder burd bygelyks de keeper fan sc Cambuur op goal setten ynstee dy fan Excelsior dan hie hy no 41 punten mear hân….. en koprinner west.
Dit wylst de keeper fan Excelsior, Van Gassel, foar it begjin fan de SDS-League 23 punten hie en de keeper fan sc Cambuur -28 punten.
Topkeepers SDS-League nei 5 wiken:
*Ernst(FEY) 27 punten (sit yn gjin inkel team yn de SDS-League)
*Klaverboer(HEE) 24 punten (yn 3 teams yn de SDS League)
*Jansen(SCC) 19 punten (sjoch Ernst)

‘The Prince of Darkness’ Hendrik Eringa stiet noch altiten stiif ûnderoan. Hy lit witte dat as hy de poedel-LP pakt wy him wol op Marktplaats sette meie, om ’t de LP net past yn syn platenkast neist titels lykas “Speak of the Devil, en ‘Heaven and Hell”. Wy hawwe hjir gjin begrutsjen mei. Dan hinget hy de Greideklanken-LP mar boppe it bêd.

SDS League 2026-2027 stand earste helte wike 5