Weppers tongersdei 24-9

Weppers tiisdei 23-9
22 september 2008
Seleksjes 27-9
26 september 2008

SDS League
Skriuw je no yn foar de SDS League. Hjir kinne jim der alles oer fine. Je team moat ynlevere wurde foar sneon 27 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 2 dagen.
Leverje je team it leafst hjoed(jûn yn de kantine b.f.) of moarn yn dan kinne wy begjinne mei it ynfieren fan de teams yn de komputer en kinne wy it wykein lyk los.
Wy hawwe oan ’t no ta sa ’n 25 teams binnen, dus der moatte noch 75 komme……

SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krijt.
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei
info@vv-sds.nl.

Filmpie
In moaie hjerstjûn yn Easterein. Wol wat tsjuster om goed 8 oere, mar dochs mar efkes besykje in foto fan de froulju fan SDS te meitsjen. Se wiene der allegear spesjaal foar kommen en hiene it SDS trainingspak oan.
De foto’s moatte noch efkes twa dagen yn de sinne lizze om it ljocht der wat yn te krijen mar oan it filmke mankeart neat. No ja neat. Sommige froulju hiene kamerafrees. Sjoch
hjir.

Lytse poppe
Stefan van Krimpen en syn Hannah hawwe ôfrûne snein in sûne lytse poppe krigen. Dizze nije lytse “Rotterdamse” harket nei de namme Marin. Fan herte lokwinske!!

SDS E3 wint
Wij skreaunen al dat it moai wie dat alle E-tsjes sneon wûnen. Seker foar E3 wie dit super. Rients de Boer makke in koart ferslach;
Ik ben Rients en voetbal in E3. De eerste twee wedstrijden hebben we verloren met 17-0. Zaterdag moesten we tegen makkum E3 .
En dat waren hele grote jongens .En we wonnen toch met 2-0 en ik maakte mijn eerste doelpunt en het was ook de eerste goal van
E3. Jan Douwe maakte de tweede goal. Na de wedstrijd kregen we een twix van onze leidster Tineke die was ook blij
Rients de Boer

1 minút stilte
Beste mensen,
ivm het overlijden van dhr Loek Slootjes, penningmeester van de KNVB district NOORD, is ons als vereniging schriftelijk gevraagd om zaterdag bij de wedstrijden die beginnen om 14:30 (1e en DA1) een minuut stilte te houden.
Als vereniging zullen wij uit respect voor dhr Slootjes hieraan gehoor geven.
Beide scheidsrechters en alle teams zullen hierover door de wedstrijdsecretaris worden ingelicht. Op verzoek van de KNVB ook graag aangepaste, of liever geen muziek aan het begin van de wedstrijd.
Evt. kan de vlag van de KNVB halfstok worden gehangen, uw eigen vereniging vlag mag gewoon in top.
Mochten er nog vragen zijn dan kunt u zich wenden tot de WS.
Namens v.v.SDS
Andre Vink
p.s.Belangstellenden kunnen donderdagmiddag naar de afscheidsdienst in Workum. Meer info bij André.


VV Nijlân
Ek op de webside fan VV Nijland wurdt der al aardich oandacht skonken oan de derby fan sneon (klik hjir).

Menzo
Mei nammen de keeper fan SC Cambuur(en dêrmei hiel 058) hat der hiel wat oan dat âld-keeper Stanley Menzo trainer wurden is by SC Cambuur(klik hjir).

PSV 1 – PSV 2
Om efkes in byld te jaan fan de wedstryd fan jajuster tusken PSV 1 tsjin PSV 2 hjir in foto út it archyf fan Henk Bootsma:

De bern fan ras-PSV’er Gert-Jan Hiemstra yn aksje.