Weppers woansdei 23-8

Weppers snein 20-8-2017
20 augustus 2017
Weppers tongersdei 24-8
24 augustus 2017

SDS 1 spilet gelyk

Tiisdeitejûn wie der yn Easterein in oefen wedstriid fan SDS 1 tsjin sc Bolsward 1 (sneons). Foar in oefenwedstriid wiene der in protte minsken en dy seagen yn alle gefallen twa prachtige doelpunten dy’t er beide wie de ûnderkant fan de latte ynfleagen. Bij SDS wie Erik Haitsma de skutter. Dat barde yn de earste helte doe’t SDS  mear oan de bal wie, oant de 16 meter aardich kombinearde  en krekt foar it skoft de beste kânsen krige. Dêrfoar hie sc Bolsward mei âld SDS-ers Arjan Posthumus en Redmar Styrikwerda yn de basis, al in hiel grutte kâns hân. Yn de twadde helte mei de 1-0 tuskenstân waard de romte hieltyd grutter wat langer de wedstriid duorre. Dat levere oan beide kanten grutte kânsen op, mar beide doelmannen binne al betiid yn foarm.  De 1-1 foel in kertier foar de ein.

SDS 1 sil oefenje

Kommende sneon oefent SDS 1 tsjin AVC yn Seisbierrum, Dy oefenwedstriid is in moai opstapke nei it bekertoernooi dat in wike letter begjint en wêr’t SDS 1 de ploech út Seisbierrum ek treft.

SDS 2 sil oefenje

Ek SDS 2 sil sneon oefenje. Sij geane dêrfoar nei Heech ta, om tsjin Heeg 2 te spyljen. It begjint 14.30 oere.

Mei held op de foto


Herman Vinke hie in superdei. Hij wie bij PSV en mocht mei kollega keeper Jeroen Zoet op de foto. At hij mei noch mear PSV-ers op de foto mocht kinne jim hjir sjen.

Harsens derby (1911)

Ho!