Weppers tongersdei 24-8

Weppers woansdei 23-8
23 augustus 2017
Weppers freed 25-8
25 augustus 2017

Inne Heerma sil ûnder it mes

Op it heden fuotballet Inne Heerma net. Hy hat in soad problemen mei syn knibbel en sakket der somtiden sa trochhinne. Kommende woansdei sil Inne opereard wurde yn it sikenhûs yn Grins.

Jentsje Jorritsma ûnder it mes

Jentsje Jorritsma is fan ‘e wike opereard oan syn termen. Wy hoopje dat hy gau opknapt. In betterskipkaartsje sil him fêst goed dwaan. Jim meie it stjoere nei it Antonius Sikenhûs yn Snits.

SDS 3 en 4 sille traine

SDS 3 en 4 sille tongersdeitejûn foar it earst wer los yn it nije seizoen. Sy traine ûnder lieding fan Wouter Appelboom en begjinne om 20.00 oere.

ST. SDS -Nijland JO13-3 teambuilding

It gearwurkjende team SDS-Nijland JO13-3 sil snein om 11.00 oere nei it strân fan Makkum op teambuilding om it seizoen goed te begjinnen.

“Dolberg dochs nei Monaco!”

Marc Overmars is úteinlik dochs akkoard gien mei in bod fan Monaco op Dolberg…….. 😉

‘Possible nightmare’

Yn Ingelân neame se Feyenoord in ‘Possible Nightmare’ foar de Ingelske klup dy ’t mooglik Feyenoord treft yn de Champions League. It is ús net hielendal bekend werom of sy moatte der al tsjin oan om yn de boat nei Rotterdam te kommen……….

Possible nightmare draw for Chelsea
Pot one: Chelsea
Pot two: Barcelona
Pot three: Napoli
Pot four: Feyenoord

Possible nightmare draw for Man United and Man City
Pot one: Real Madrid
Pot two: Manchester United or City
Pot three: Napoli
Pot four: Feyenoord

Possible nightmare draws for Tottenham and Liverpool
Pot one: Juventus
Pot two: Barcelona
Pot three: Tottenham or Liverpool
Pot four: Feyenoord

Harsens derby (1912)

Tsjin SDS makke FC Dordrecht inkelde wiken werom hiel wat goals, mar net sa ’n moaie lykas dizze. Al wie dat by de keepers fan SDS ek nea slagge fansels!

 

Letter miskien wol mear!