SDS-League: FC Boekelaar oan kop!

Weppers tongersdei 24-3
23 maart 2016
Seleksjes sneon 26-3
24 maart 2016

It is “FC Boekelaar” fan Klaas-Bouke Faber dy ’t de kopposysje oernimt fan “In Efkesballer” fan Aant Hofstra. It ferskil is minimaal mei mar 3 punten foarsprong. De “Jelsmanian Devils” fan Jan-Simon Jelsma stiet tegeare mei de wepmaster mei it stikeltsjehier 2e.


Klaas Bouke nimt in fiskje op de kopposysje!

De wykpriis giet dizze wike nei de oare wepmaster. Sis mar dy sûnder burd. Mei “Hey Ho Let’s Go” pakt hy mar leafst 56 punten. Tige soer foar “JelmaFem” fan Anne Brouwer en “As ik der by bin, dan winne SDS 1 en 2 altiten” fan Dooitze Nauta, want lyk as ferline wike gripe sy krekt njonken de wykpriis.

Team Hey Ho Let’s Go:
Cillisen(AJA), Van Beek (FEY), Zomer (HER), Marcellis (PEC), Kashia (VIT), Zeneli (HEE), Ritzmaier (NEC), Ziyech (TWE), Janssen (AZ), De Jong (PSV) en Haller (UTR).

“Net tefolle DWOkte” fan Durk Okkema pakte yn de earste helte fan de SDS-League de titel. Hy begie dizze edysje stadich oan op it 49e plak, mar komt no stadich omheech. Dizze wike giet hy fan it 12e nei it 4e plak mei noch mar 5 punten efterstân op de koprinner.

It giet hurd minder mei “FC Willemstad” fan Allert Turksma. 3 wiken werom pakte hy noch de wykpriis en de kopposysje, mar ynmiddels is hy sakke nei it 22e plak. Ek Rick Hendriks hat mei “Hattrick” de frije fal te pakken. 2 wiken efterinoar stie hy boppe-oan, mar ynmiddels stiet hy 29e…….

Ûnderyn is it al like spannend as boppe-yn. Dizze wike pakt Halbe-Willem Overal mei “LVG Boppe” de reade lantearn, mar it ferskil mei “FC Selsbetocht”, “FC OZZY-haas” en “FC Winnaars” is sa lyts dat it oer 2 wiken sa wer oars kin.

Y.f.m. it ynterlandfuotbal dit wykein is der nije wike gjin nije stân fan de SDS-League.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 5.