Weppers tongersdei 24-11

Weppers woansdei 23-11
23 november 2011
Weppers freed 25-11
25 november 2011

9.00-12.00
Kommende sneon is der yn de seal in fuotbalclinic foar de alderjongste jeugd fan SDS, namelijk foar SDS F5, F6 en F7. It duorret fan 9.00 oan ’t 12.00.

1984
Wij binne sels mar efkes op syk west nei de ooraak fan al dy 27 jierrige SDS-ers dy’t begjin 1984 “makke” binne. Sjoch
hjir.

1956
Wij tinke dat hjoed it âldste fuotbaljende lid fan SDS syn jierdei hat: Sipke Hiemstra. Fan herte!

9 en 12
Moandei melden wy hjir de lotting fan it OFK yn Frjentsjer. Juster is bekend makke dat de froulju fan SDS harren foarrondes spylje op moandei 9 jannewaris. De mannen fan SDS meie op tongersdei 12 jannewaris. It hiele programma is hjir te finen.
De finales binne sneon 14 jannewaris.

Nr. 14
Der binne twa dingen leuk oan Cruijff: syn eardere fuotbalkapasiteiten en syn útspraken:  Je moet goede beslissingen nemen, of zorgen dat verkeerde beslissingen goed uitpakken.

20.00
Sa let begjint jûn de sponserjûn mei Verbeek en Ter Napel.

2012
Wa ’t witte wol wat der dit jier noch te rêden is en alfêst dwaande is mei 2012 kin altiten efkes by ús yn de aginda loere. Hawwe jim ek wat foar yn de aginda mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby (619)
Op it heden rinne der nuvere stoethaspels rûn yn it fuotbal. Sa hawwe je b.f. Ibrahimovic, Boateng en Balotelli. Sy binne wat dan al wat nuver, mar meitsje wol de moaiste goals. Juster wie dêr Boateng en ferline wike Balotelli: