Weppers freed 25-11

Weppers tongersdei 24-11
23 november 2011
Verbeek/ter Napel bij SDS
25 november 2011

Programma sneon 26-11
Der is moarn wat in útklaaid programma. Jim kinne it
hjir sjen.

B1
SDS B1 hat te min spilers. De tsjinstanner is ôfbelle. Giet dus net troch.

MC1
De wedstriid tsjin Berlikum MC1 giet helaas net troch. Te folle siken yn Berltsum.

Blauw Wit 1 – SDS 1
Moarntemiddei oefent SDS 1 yn Ljouwert tsjin Blauw Wit 34. De seleksje sjocht der sa út: Skelte, Ewout, Feiko, Erik, Jacob Klaas, Wytze, Johan, Arjan, Jelmer, Harm, Redmar, Jaap, Jacob, Elger, Kristian, Jildert.
Fuort om 13.00 en spylje om 14.30.

SDS 2 en 3 geane de seal yn
De spilers fan SDS 2 en 3 kinne moarn yn de seal terjochte fan 10.30-12.00. Wol allegear efkes in eurootsje meinimme!

B-junioren
De b junioren worden morgen om 8.45 uur in de box verwacht. Ze spelen tegen Terschelling om 9.30 uur.
Hester út namme fan Gert Jan.

SDS 5
Ek krije wy fan Hester troch dat it útsje fan SDS 5 net op 3 mar op 10 desimber is nei de lêste wedstriid fan dit jier.

Jierdei
Al wer in jierdei hjoed. Tieme Spoelstra fan D3  wurdt hjoed 12 jier. Lokwinske.

Slagge jûn
It wie justerjûn in tige slagge jûn yn de kantine fan SDS. De beide hearen Verbeek en Ter Napel wisten de 170 man tige te boeien. Letter hjoed mear hjir oer.

Blydskip

It komt Willem Veenstra goed út dat der dizze wike net fuotballe wurdt troch SDS 5. Hij koe in training oerslaan en sneon hat hij ek alle tiid om harren dochter Renée te fertroeteljen. Marrit Brouwer en Willem Veenstra fan herte lokwinske. 

Ferbân
Om no in ferbân te lizzen tusken it feit dat SDS 5 tsjin sc Franeker ôflast is op fersyk fan de stedsjes en it feit dat der bij de famylje Veenstra-Brouwer yn Frjentsjer in poppe berne is, giet ús te fier.

Broek fuort
Afgelopen zaterdag 19 november heeft mijn zoontje de wedstrijd SDS F1-CVVO F2 gespeeld.
Hij heeft toen zijn trainingsbroek laten liggen.
Merk  LOTTO; maat 140;kleur zwart.
Is deze misschien gevonden?
Hoop graag wat van U te horen.
Met vriendelijke groet
Gery de Vent
Lemmer
gerydevent@planet.nl

Grutte klupaksje
DER IS IN PRIIS FALLEN BIJ SDS!!!  Duo Relax Wellness Special  foar 2 persoanen t.w.f . € 125 p.p.
Einliks in kear.
It winnende lot is: 0879281
Elkenien tige tank foar it keapjen fan de lotten en de winner fansels fan herte lokwinske.
€ 730 skjinne winst foar SDS.
Tige by tige.
Gr. Immie

Sneon yn de seal
Aankomende zaterdag is er inderdaad een clinic voor de F5 t/m de F7.
Deze duurt deze van 09:00 tot 10:30.
De clinic staat onder leiding Tsjipke Klaas Okkema
Bote Strikwerda

Harsens derby (620)
Amerikaans Samoa hat fan ‘e wike foar it earst yn harren bestean in fuotbalwedstryd wûn. Sy wûnen mei 2-1 fan it altiten lestige Tonga. De keeper fan Tonga seach der by de earste goal net hielendal goed út. Sjoch mar ris nei 1.10.