Sneon 3-10-2026
2 oktober 2026Moaie goal
Tim Sweering makke sneon by SDS 1 in prachtige goal tsjin Sint-Annaparochie 1 nei in prachtige lange bal fan Robin van der Weg. Jim kinne him hjir besjen op Instagram.
SDS-supporters
Moai om te sjen dat der by útwedstriden fan SDS 1 safolle SDS-supporters mei komme. Yn Sint-Anne telden wy sneon dochs sa in stik of 27.
Oscar Fokkinga
Yn it programmaboekje fan Sint-Annaparochie 1 – SDS 1 stie by de seleksje fan SDS sneon in opfallende namme; Oscar Fokkinga. Wy gienen lyk op ûndersyk út, mar koenen by de seleksje net in ûnbekende kop fine. Miskien hie de trainersstaf wol in fiktieve namme betocht om de tsjinstanner op de ferkearde foet te setten? Of stie dizze namme op papier om hjir de giele kaarten by op te skriuwen? Wierskynlijk siet it krekt efkes oars. Oscar Fokkinga blykt by Akkrum 1 te baljen en dy moasten 2 wiken earder út nei Sint-Anne. Hy is nei de wedstriid mooglijk yn it programmaboekje plakken bleaun…… ynstee fan de kantine…….
Oflast
SDS 4 koe ôfrûne sneon net genôch spilers op it fjild krije om tsjin Oudega 1 te baljen. Tige spitich fansels, mar it is tsjintwurdich no ien kear in stik dreger om 11 man op it fjild te krijen as yn it ferline. Yn de klasse fan SDS 4 waarden sneon sels mar 2 fan de 6 kompetysjewedstriden spile. Oare kear better.
SDS-League
De Nations League giet dúdlijk ten koste fan de SDS-League. Wy hawwe no al 2 wiken gjin Eredivisiefuotbal, dus ek gjin nije stân fan de SDS-League. Der is eins mar ien dy’t hjir gjin problemen mei hat en dat is de koprinner yn de SDS-League, Pieter Sijtsma. Hy rint no al 3 wiken sa grutsk as in pau troch Wommels en omkriten. En terjochte!

Harsens derby (2420)
It is wichtich om as fuotballer al goed de rigels te kennen……..
احتجاج كبير من منتخب ليبيا بسبب احتساب الحكم تسلل في هجمة خطيرة للمنتخب الليبي أمام المرمى الخالي لتونس ✋ pic.twitter.com/5AYpVAXt41
— ON Sport (@ONTimeSports) October 3, 2026


