Weppers woansdei 23-11

SDS League: Rakker United pakt wykpriis!
23 november 2011
Weppers tongersdei 24-11
23 november 2011

Gjin trainen
De meiden van MC1 trainen vanavond niet ivm dichte mist.
Groeten Jacomien Heeres

Adreswizigingen
Geane je ferhúzjen (of binne je al lang ferhúze mar hawwe je dit noch net trochjûn) jou je nije adres dan efkes troch oan Hilde Knol fia:
Ledenadministraasje@vv-sds.nl.


Sealfuotbal
SDS hat noch altiten in seal team. Dy lykje de kompetysje sa stikum wat troch te fleanen. Wij heare der nea wat fan. Hoewol, wij ha no de tasizzing krigen dat wij tenei de útslach trochkrije. Miskien dat de útslaggen dan ek wat better wurde want it giet noch net super hawwe wij begrepen.

Plannen
Der binne wat fage plannen om wat rekreatyf fuotbal op te setten bij SDS. Gewoan regelmjittich efkes balje mei wat jonge âlderen en âlde jongeren bûten kompetysjeferbân. Op freedtejûn op it trainingsfjild yn Easterein. 7 tsjin 7 is it doel. Wa’t dat ek wat liket kin dat melde bij Durk O of Aant H. It fjild is al regele dus kin it al gau los.

Sealtraine
E1 en E2 hawwe juster wer meilkoar yn de seal traind. Nei in ûnwennich begjin in pear wiken lyn, gie it no al in stik better. Wat se foaral leare is dat je in bal altyd oannimme moatte en foaral net rolje litte, want je helje dat ding net wer yn.

Gjin trainen
Y.f.m. de sponserjûn hawwe SDS 1 en 2 tongersdei gjin trainen.

Jierdei
Wij hawwe de jierdeiskalinder fan alle leden hast klear. Mar wij kinne no al wol melde dat Rudy Dijkstra (SDS 5) en Anna Marijke Posthumus (Da2) hjoed jierdei binne. En se wurde beide 27 jier. Lokwinske!

27 jier?
Nei Tsjipke Okkema en Hendrik Engbrenghof binne Anna-Marijke Posthumus en Rudy Dykstra al de 3e en 4e SDS’ers dy ’t dizze wike 27 jier wurde. Nije wike wurdt Amarins Hendriks ek nochris 27. Wat hat dat dochs west yn febrewaris 1984?

Harsens derby (618)
Der is in diskusje geande oer dat it miskien ferstannich is dat keepers in helm op dogge om te foarkommen dat sy wat oprinne. Yn Turkije is it miskien ferstannich om alle spilers in helm op te setten………….